Suriname
Ut Wikipedy
|
|||||
| Offisjele taal | Nederlânsk | ||||
| Haadstêd | Paramaribo (stêd) | ||||
| Steatsfoarm | Republyk | ||||
| Gebiet % wetter |
163.820 km² 1,1% |
||||
| Ynwenners (2005) | 449.888 | ||||
| Munt | Surinaamske dollar (SRD) | ||||
| Tiidsône | UTC -3 | ||||
| Nasjonale feestdei | 25 novimber | ||||
| Lânkoade | SUR | ||||
| Ynternet | .sr | ||||
| Tillefoan | 597 | ||||
Suriname, Surinam, of Sranang is in lân yn Súd-Amearika, dy't eartiids ek Nederlands Guyana as namme hie. It lân hat in befolking fan likernôch in heal miljoen minsken, dêr't de helte fan yn 'e haadstêd Paramaribo wennet.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Geografy
[bewurkje seksje] Lizzing
It lân wurdt begrinzge troch:
- de Atlantyske Oseaan yn it noarden;
- Guyana yn it easten;
- Brazylje yn it suden;
- Frânsk Guyana yn it westen.
[bewurkje seksje] Lânskip
It lân oan de noardeastkust fan Súd-Amearika is ferneamd nei de Suriname rivier, dy't by Brokopondo in grutte mar foarmet en by Parimaribo yn de oseaan útmûnet. De noardlike kuststripe bestiet út sompegebiet dat tusken de 26 oant 100 km breed is. Efter de kustflakte, dêr't goed 80% fan de befolking wennet, bestiet it middenpart fan Suriname út leech, gloaiend bosklân, dat troch houtkap lykwols hjir en dêr driget te feroarjen yn Savanne. Noch fierder lân ynwerts giet it bosklân stadichoan oer yn mei tichte oerwâlden bedekte en foar it meastepart ûnoantaaste Toemoek-Hoemak berchtme.
Yn de súdlike helte fan it lân lizze meardere rigen bergen, dy't meiïnoar ta it Heechlân fan Guyana hearre. Dat binne û.o. it Oranjeberchtme, Van Asch van Wijckberchtme, Wilhelminaberchtme, Eilerts de Haanberchtme, Grinsberchtme en it al earder neamde Toemoek-Hoemakberchtme. De heechste pyk fan Suriname is de Julianatop op 1280 meter hichte.
De wichtichste rivieren binne de al neamde Surinamerivier, de Coppename, de Tapanahony, de Saramakka en de Korantyn, dy't de grins mei Guyana foarmet.
[bewurkje seksje] Skiednis
De Arawak en Karyb folksgroepen wienen de earste bewenners fan Suriname, hja hawwe har der yn 3000 f. Kr. ta wenjen set. Fan de 17e ieu ôf hawwe de Britten en Nederlanners hieltyd besocht de sizzenskip oer it lân te krijen. Uteinlik krigen de Nederlanners troch in ferdrach te sluten mei de Britten de sizzenskip oer de koloanje.
De Nederlanners brochten skipsfrachten mei slaven út Afrika nei Suriname ta, dy't dêr oan it wurk setten waard op 'e plantaazjes. Groepen slaven koenen flechtsjen en lutsen it binnenlân dêr't guons de Nederlânske plantaazjes út de jungle oanfoelen. 1873 wie de offisjele ein fan 'e slavenhannel. Tenei holden de Nederlanners kontraktwurkers út Yndia en Yndoneezje.
Yn 1954 krige Suriname in autonoam regear, Nederlân hâlde de útlânske saken en definsje ministearjes. Yn 1973 sette de NPK út ein mei in petear oer folsleine ûnôfhinklikens fan Nederlân. Op 25 novimber 1975 wie Suriname offisjeel ûnôfhinklik fan Nederlân wurden.
[bewurkje seksje] Demografy
[bewurkje seksje] Befolking
It meastepart fan de ynwenners wennet yn it noarden fan it lân, yn de distrikten Paramaribo, Wanika en Nikkery. It tinstbefolke diskrikt is Sipaliwiny, dat it grutste part fan it binnenlân beslaat.
De gearstalling fan de befolking is tige ferskaat en bestiet út in grut tal etnyske groepen, dêr't de Hindoestanen (27,4 %), Kreoalen (17,7 %), Bosknegers of Marrons (14,7 %) en Javanen (14,6 %) de grutste groepen fan binne.
Yn Nederlân wenje om-ende-by 350.000 minsken fan Surinaamske komôf. Fral yn de tiid om de ûnôfhinklikheid hinne en nei militêre kûp fan 1980 of nei de Desimbermoarden fan 1982 gongen in soad út Suriname wei.
[bewurkje seksje] Taal
Yn Suriname wurde mar leafst tweintich talen sprutsen. It meastepart fan de Surinamers is meartalich en sprekt faak ek goed Ingelsk. De offisjele taal is it Nederlânsk.
[bewurkje seksje] Religy
Wat de godstsjinst oanbelanget wie yn 2007 it meastepart fan de befolking (40,7%) in oanhinger fan in kristlike religy. Twadgrutste wie it hindoeïsme (19,9%) en mei 13,5% de islam tredde.