Houtkap

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Masinale en kompjûterbestjoerde houtkap besparret de houtindustry tiid en jild
Houthandel fanút de wrâlddielen mei Jeropeeske Uny ynklusyf it skatte persintaazje yllegaal kapt hout (skattings neffens www.wwf.be/OECD).

Houtkap is it omseagjen of omhakken fan beammen. Soks wurdt dyn yn sawol natuerlike bosken as yn spesjaal dêrfoar oanleine bosken. Yn it tropysk reinwâld waarden en wurde noch hieltyd beammen ûnder net duorsume omstannigens kapt, faak troch yllegale houtkap. Foar duorsume rispinge is it spesjale FSC-keurmerk yn it libben roppen.

Tinning[bewurkje seksje | edit source]

Tinning is in term yn de boskbou dy't brûkt wurdt foar it weiheljen fan beammen om de groei fan de oerbliuwende beammen te stimulearjen. Tinning soarget derfoar dat de konkurrinten fan de oanwize beammen foar de takomst kapt wurde sadat dizze mear ljocht en fiedingsstoffen krije. By it úttinjen wurde ek de beammen kapt dy't oars dochs stjerre sille.

Kealkap[bewurkje seksje | edit source]

Bosken kinne foar de houtproduksje op ferskate wizen kapt wurde. It kealkapjen is de meast ienfâldige wize. In stik bosk wurdt dan yn ien kear felle, en it hout ôffierd. Op dat plak kin de bosk ferfolgens wer ferjongje. In faak foarkommende foarm fan kealkapje is seamekap. Hjirby wurde stripen bosk oanlein en tsjin de hearskjende wynrjochting yn kapt. Sadwaande ûntsteane stripen bosk wêrby't de beammen stadich heger wurde mei de hearskjende wynrjochting mei.