Ubbo Emmius

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ubbo Emmius
Bertehûs fan Ubbo Emmius yn Greetsiel

Ubbo Emmius (Greetsiel, 5 desimber 1547 - Grins, 9 desimber 1625) wie in ferneamd East-Frysk histoarikus, teolooch, pedagooch en stifter fan de Grinzer Universiteit dêr't er de earste rektor fan wie.

Emmius studearre Teology yn Gent en wurdt yn 1579 rektor fan de Latynske skoalle yn Norden, dêr't er sels learling west hat. Troch him is de skoalle grut wurden, mar troch syn Kalvinistyske leauwen koe er dêr net bliuwe. Yn 1587 moast der fan de Lutherske Eastfryske haadlingen oar wurk sykje.

Dan ferfart er nei Leer, dêr't er wurk krijt as rektor fan in Latynske skoalle. Yn 1595 teach er nei Grins, dêr't er op 'en nij rektor wurde koe by in Latynske skoalle.

Yn 1614 wurdt de Latynske skoalle fan Grins in universiteit. Emmius hat der tige foar krewearre dat der in Fryske universiteit komme soe, en waard troch de Provinsjale Steaten fan Grinslân beneamd as rektor. Tagelyk wie er heechlearaar Gryksk en skiednis.

Emmius hat him in grut part fan syn libben dwaande holden mei it delskriuwen fan de skiednis fan Fryslân. Yn 1596 waard it earste diel publisearre fan de Rerum Frisicarum Historia. Yn 1616 waard de hiele rige printe.

Emmius hat twaris troud west en hat in soan en dochter hân. Hy stoar yn 1625. Hy waard begroeven yn de Broertsjerke yn Grins. Op syn grêfstien kaam te stean: "Voor de onsterfelijke nagedachtenis aan de vermaarde en vrome grijsaard Ubbo Emmius, een Fries uit Greetseil, eerste rector van de academie, theoloog der zuivere leer, uitnemend filoloog, volmaakt geschiedschrijver".[1] De stien bedarre yn 1909 yn de kelder fan it Akademygebou yn Grins.[2] Yn 2007 waard er werom fûn, mar it die bliken dat de stien swier tamtearre wie.[3] Nei restauraasje hat er yn augustus 2009 in plak krigen yn de hal fan it Akademygebou.

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

In wichtich part fan syn wittenskiplik wurk hat te krijen mei religy en politike saken fan syn tiid. Ut Nederlân wei ferset er him tsjin Lutherske hôfpartij yn Auwerk en de abslute hearskippij fan it East-Fryske bewâld. Syn boeken en skriuwsels wurde iepenbier ferbaarnd. Syn ferneamdste wurken (wol bewarre bleaun) binne de "Rerum Frisicarum historiae libri 60", ek wol de sechtich boeken fan de Fryske skiednis.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • W.J. Kuppers (Hrsg.), Ubbo Emmius. Een Oostfries geleerde in Groningen / Ubbo Emmius. Ein ostfriesischer Gelehrter in Groningen (Groningen/Emden 1994) - Dit boek omfiemet in wiidweidige bibliografy en libbensbeskriuwing fan Ubbo Emmius´.
  • Derk de Haan, Ubbo Emmius in: "400 Jahre Ulrichsgymnasium Norden", (Norden 1967), S. 88
  • Ubbo Emmius, Friesische Geschichte, Bdd I-VI (oerset út it Latynsk wei troch Erich von Reeken), (Frankfurt am Main 1981)

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Grinzer Archiven - Greetsieler Ubbo Emmius grondlegger Groninger universiteit
  2. Ryksuniversiteit Grins - Ubbo Emmius (1547-1625)
  3. Universiteitskrante, 6 desimber 2007 - Erfgoed in gruzelementen