Sily
Ut Wikipedy
|
|||||
| Offisjele taal | Spaansk | ||||
| Haadstêd | Santiago | ||||
| Steatsfoarm | Republyk | ||||
| Gebiet % wetter |
756,950 km² 1% |
||||
| Ynwenners (2008) | 16,800,000 | ||||
| Munt | Sileenske Peso (CLP) | ||||
| Tiidsône | UTC -3 (-4 yn wintertiid) | ||||
| Nasjonale feestdei | 18 septimber | ||||
| Lânkoade | CHL | ||||
| Ynternet | .cl | ||||
| Tillefoan | 56 | ||||
Sily (Spaansk: Chile), offisjeel de Republyk Sily (Spaansk: República de Chile) is in lân yn Súd-Amearika. De haadstêd is Santiago, it parlemint sit yn Valparaíso.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Geografy
[bewurkje seksje] Lizzing
It lân wurdt begrinzge troch:
- Perû en Bolivia yn it noarden,
- it Andesgeberchkloft en Argentynje yn it easten,
- de Grutte of Stille Oseaan yn it westen.
[bewurkje seksje] Lânskip
Mei in lingte fan 4230 km en trochstrings in breedte fan mar 176 km strekt it lân him út bylâns de westkant fan Súd-Amearika. Yn it noarden fan Sily leit in woastynsône dy't ta de droechste gebieten yn de wrâld rekkene wurd. Yn Midden-Sily, tusken Illapel en Konsepsion, lizzen de wichtichste stêden fan it lân. Ten suden dêrfan leit in marrenplato. Yn de grutte wâlden fan it suden falt in soad rein en hearsket in kâld klimaat. It fameuze Peaske-eilân heart offisjeel ek by Sily.
[bewurkje seksje] Skiednis
Yn 1544 waard Sily troch de Spanjerts ferovere en ûnderdiel fan de Spaanske koloanje yn Súd-Amearika. Yn 1818 nei lange striid krige it ûnôfhinklikheid. In grut diel fan de 20e ieu waarden karakterisearre troch konflikten tusken grûtgrûnbesitters en lânarbeiders. Nei de fal fan de sosjalistyske presidint Salvador Allende yn 1973 naam in militêr rezjym de macht oer. De politike erfenis dêrfan wurdt sûnt it begjin fan it demokratisearringsproses yn 1990 moedsum ferwurke.
[bewurkje seksje] Demografy
[bewurkje seksje] Befolking
De bewenners fan Sily wurde foar it meastepart 52,7% fan de befolking wurdt foarme troch neisieten fan ymmigranten út ferskate Jeropeeske lannen, dêr't de Spanjerts de grutste groep fan is. Goed 44% foarme troch mestys. Om-ende-by 3,2% fan de befolking is fan Yndiaansk.[1]
[bewurkje seksje] Taal
De offisjele taal fan Sily is it Spaansk.
[bewurkje seksje] Ekonomy
Amper 23% fan it lân kin brûkt wurde foar lânbou.