Salvador Allende

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Salvador Allende

Guillermo Salvador Allende Gossens (Santiago, 26 juny 1908Santiago, 11 septimber 1973) wie in Sileensk marksistysk-sosjalistyske politikus. Hy wie fan 1970 oant syn dea presidint fan Sily.

Jonge jierren[bewurkje seksje | edit source]

Allende studearre medisinen en wie al tidens syn stúdzje aktyf as engasjearre studintelieder. Yn 1933 rjochte hy de Sosjalistyske Party fan Sily (PSS) op. Nei inkele jierren as dokter wurke te hawwen waard hy yn 1937 as parlemintslid keazen. Fan 1939 oant 1942 wied er minister fan Sûnens yn de folksfrontregearing fan Pedro Aguirre Cerda. Yn 1945 waard hy senator en fan 1965 oant 1969 trat hy op as foarsitter fan de Senaat.

Demonstraasje fan Allende oanhingers, 1964

Yn de ferkiezingsjierren 1952, 1958 en 1964 makke Salvador Allende, oan de haad fan in koalysje fan sosjalisten, sosjaal-demokraten en kommunisten, net folle kâns as presidintskandidaat, mar boeke mear súkses yn 1970 doe't hy it Folksfront, (Unidad Popular, UP), in koalysje fan sosjalistyske, kommunistyske en links-liberale partijen, oanfierde en op 4 septimber de measte stimmen behelle by de presidintsferkiezings. Allende fersloech de kristendemokraat Radomiro Tomic, in partijgenoat fan sittend presidint Eduardo Frei Montalva, en de rjochtse eardere presidint Jorge Alessandri. Omdat gjin fan de presidintskandidaten in folsleine mearderheid berikt hie, moast it Kongres de presidint oanwize. Op 24 oktober waard Salvador Allende troch it Kongres ta presidint keazen mei stipe fan de kristendemokraten, dy't fan him foarôf garânsjes krigen hiene foar handhaving fan de demokrasy, de boargerlike frijheden en frije martekonomy easken.

Presidint[bewurkje seksje | edit source]

Yn syn stribjen lâns parlemintêre wei in sosjalistyske maatskippij yn Sily ta stân te bringen, it saneamde Sileenske eksperimint, seach Allende him konfronteare mei in rjochtse opposysje en in stabile politike situaasje, dy't noch grutter waard troch in foar in diel troch himsels kreëarre ekonomyske krisis. Hoewol't de ekonomyske resultaten fan de earste twa jierren fan syn regearing gruttendiels posityf wienen, kaam it lân fan 1972 ôf troch in omleech gean fan de koperpriis, ferskate minne beslissingen fan syn regear en ekonomyske sabotaazje troch de Feriene Steaten yn grutte ekonomyske swierrichheden.

Steatsgreep[bewurkje seksje | edit source]

De brûnzen stjer foar de kûppligers

Oan it bewâld fan Allendes waard op 11 septimber 1973 abrupt in ein makke troch in rjochtse militêre steatsgreep ûnder lieding fan generaal Augusto Pinochet, dêr't Salvador Allende by om it libben kaam. Yn de westersk wrâld waard en wurdt troch histoarisy algemien oannomd, dat Allende mei in wapen út Kuba himsels te koart die, wylst yn it eartiids Eastblok en troch linkse histoarisy dêroan twifele wurdt.

De eigen famylje fan Allende en troch eardere fertrouwensmannen hawwe der gjin twifels oer dat it selsmoard wie. Syn eigen dokter en twa fan syn liifwachten hawwe de deade Allende sjoen yn it Moneda paleis, heal lizzend op in bank, himsels troch de holle skeaten mei de AK-47 dy't hy fan Fidel Castro krige hie. krekt neidat Allende ôfskied nommen hie fan harren en oare fertrouwensmannen en krekt foar de ynname fan it paleis troch Pinochet's troepen.

Belutsens fan it Bûtenlân[bewurkje seksje | edit source]

Fierders docht bliken dat de CIA Pinochet en syn hantlangers werklik stipe krige hawwe yn har stribjen de macht te gripen. De wikseling fan de macht kaam de Amerikanen tige bêst út: dat de marksist Allende oan de macht wie, sied harren net lekker fanwegen de nasjonalisearing fan de koperyndustry, dy't foarhinne yn besit wie fan Amerikaanske bedriuwen.

Op gesach fan presidint Bill Clinton waarden yn oktober 1999 sa'n 1100 regearingsdokuminten frij jûn dy't ynsjoch jûn yn de belutsens fan de Feriene Steaten by de tarieding fan de militêre kûp. Ien fan dy dokuminten beskriuwt substansjele taname yn finansjele bydragen. Yn 2003 ferkleare minister fan Bûtenlânske Saken Colin Powell yn in televyzje-ynterview dat wat barde yn Sily tidens de jierren santich net eat wat is dêr't de Amerikanen grutsk op hoege te wêzen.

Allende op in postsegel fan de DDR.

Famylje[bewurkje seksje | edit source]

Allende wie troud mei Hortensia Bussi en wie omke fan de skriuwster Isabel Allende (* 1942).