Diktatuer

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

In diktatuer (fan it Latyn: dicere, wat sizze of sprekke betsjut) is in steatsfoarm dêr't ien persoan, de diktator it allinnich foar it sizzen hat. Faak is by dizze foarm sprake fan systematysk ûnderdrukking fan oars tinkende en tsjinstanners fan de diktator. Dêrmei stiet de diktatuer streekrjocht tsjinoer de demokrasy wêr't de mearderheid fan it folk it bestjoer kiest. Meastentiids giet dizze foarm fan regearen tegearre mei misstannen, wêrby te tinken falt oan sels ferriking troch de diktator en it finzen nimme of fermoardzje fan tsjinstanners.

Diktatueren komme faak ta stân troch in militêre steatsgreep. Foarbylden hjirfan binne de militêre junta's yn Súd-Amearika. Lykwols binne yn guon gefallen, bygelyks Adolf Hitler yn Nazy-Dútslân diktators fia demokratyske ferkiezings oan de macht kommen. Ienkear oan de macht skafte hy de demokrasy ôf.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]