Amazônegebiet

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Amazônebekken)
It Amazônegebiet werjûn yn giel. (It suden fan Guyana, Suriname en Frânsk-Guyana heart, oars as op dizze kaart oanjûn wurdt, ek ta it Amazônegebiet.)

It Amazônegebiet, ek wol it Amazônebekken, it Brazyljaansk Leechlân of it Leechlân fan Brazylje neamd, is in reuseftige, leechleine, foar it meastepart troch tropysk reinwâld begroeide flakte yn it binnenlân fan noardlik Súd-Amearika. It omfettet it ôfwetteringsgebiet fan 'e rivier de Amazône en syn sydrivieren. It Amazônegebiet beslacht dielen fan njoggen lannen en territoaria, mar leit foar it grutste diel yn Brazylje. It falt kwa oerflak foar in grut part gear mei it Amazônereinwâld.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Amazônegebiet is in flak leechlân yn it noardlike part fan Súd-Amearika. It beslacht yn it foarste plak de noardwestlike helte fan Brazylje, mar omfettet ek it noarden fan Bolivia, it easten fan Perû en Ekwador, it súdeasten fan Kolombia, en it uterste suden fan Fenezuëla, Guyana, Suriname en Frânsk-Guyana. Yn totaal mjit it oerflak fan it Amazônegebiet likernôch 7 miljoen km² en beslacht it 35,5% fan it Súdamerikaanske kontinint.

Loftfoto fan in diel fan it Amazônereinwâld.

It Amazônegebiet wurdt yn it noarden begrinzge troch it Heechlân fan Guyana, yn it westen troch de Andes en yn it suden en easten troch it Heechlân fan Brazylje. Yn it noardeasten is der in relatyf smelle tagong ta de Atlantyske Oseaan, dêr't de rivier de Amazône útmûnet yn see. Yn in fier ferline wie it Amazônegebiet in binnensee mei syn útlit yn it westen, oan 'e kust fan 'e Stille Oseaan, mar nei't de Andes him foarme, waard de streamrjochting omkeard en rekke de see opfolle mei sedimint dat út it berchtme oanfierd waard troch de rivieren.

De wichtichste fan dy rivieren wie de Amazône, dy't mei in lingte fan 6.400 km ien fan 'e langste rivieren fan 'e wrâld is. (It is mooglik dat it eins de alderlangste rivier is, ynstee fan 'e Nyl, mar dat is in wittenskiplik debat dat noch net útiten is.) De wichtichste sydrivieren fan 'e Amazône binne de Rio Negro, de Madeira, de Tapájos, de Xingu, de Purús, de Juruá, de Japurá, de Trombetas, de Parú en de Jari. It rivierestelsel fan 'e Amazône ferfiert mear wetter nei wrâlds oseänen as lykfol hokker oare rivier ek, om persiis te wêzen 20% fan it wetter dat troch alle rivieren op 'e Ierde nei see brocht wurdt.

Floara en fauna[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Floara[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It diel fan it Amazônegebiet dat oerdutsen wurdt troch it Amazônereinwâld hat in oerflak fan 5,5 miljoen km². Dêrmei is it it grutste reinwâld fan 'e wrâld. It is in tichtbegroeide jungle besteande út leafbeammen en lytsere planten. De wâldflier ferkeart suver oan ien stik wei yn it skimertsjuster om't it wielderige blêdetek hast alle sinneljocht opfangt en tsjinkeart. Sadwaande kin op 'e fochtige grûn inkeld skaadtolerante floara groeie. Orgideeën en bromelia's groeie om ljocht te krijen mei loshingjende luchtwoartels yn 'e tûken fan 'e beammen, net as parasiten, mar as epifiten. Bekende lânseigen beamsoarten út it Amazônereinwâld binne bgl. de paranút (Bertholletia excelsa), de Brazyljaanske rubberbeam (Hevea brasiliensis) en de pinapalm (Euterpe oleracea).

In jagûar, it grutste lânrôfdier yn it Amazônegebiet.

Fauna[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op it mêd fan fauna libje der yn it Amazônegebiet 1.400 ûnderskate soarten sûchdieren, 1.500 soarten fûgels, 450 soarten reptilen, 1.500 soarten amfibyen en 3.500 soarten fisken (wêrfan 1.000 ûnbeskreaunen). Fan 'e sûchdieren yn it gebiet bestiet it meastepart út ûnderskate soarten flearmûzen en kjifdieren, wêrûnder de kapybara (Hydrochoerus hydrochaeris), it grutste kjifdier fan 'e wrâld. Mar ek komme der sûchdieren foar as de jagûar (Panthera onca), de Amazônelamantyn (Trichechus inunguis), de leechlântapier (Tapirus terrestris) en de Orinokodolfyn (Inia geoffrensis). Op it mêd fan fûgels is it Amazônegebiet ryk oan in protte ferskate soarten ara's, parkiten, toekans en kolibrys.

Wat reptilen oangiet, komme der û.o. de anakonda (Eunectes murinus) foar, de grutste wjirchslange fan 'e wrâld, mar ek krokkedileftigen as de swarte kaaiman (Melanosuchus niger), de cuvierglêdkopkaaiman (Paleosuchus palpebrosus) en de brilkaaiman (Caiman crocodilus). De measte amfibyen yn it Amazônegebiet binne kikkerts, wêrûnder guon fan 'e deadlikste gifkikkerts dy't besteane.

De readbúkpiranja hat de reputaasje in útsûnderlik gefaarlike fisk te wêzen.

Bekende fisken út it Amazônegebiet binne de arapaima (Arapaima gigas) en de piraiba (Brachyplatystoma filamentosum), dy't elts in lingte fan mear as 3 m berikke kinne. De bollehaai (Carcharhinus leucas) en de gewoane seachfisk (Pristis pristis), eins seefisken dy't lykwols fier streamop yn 'e Amazône waarnommen binne, kinne sels noch grutter wurde. Berucht binne fierders readbúkpiranja's (Pygocentrus nattereri), lytse rôffisken dy't yn iezings libje en de reputaasje hawwe dat se folle gruttere proaien troch nûmerike oermacht oerkinne en libben opfrette.

Nettsjinsteande de grutte oantallen fan wringedieren bestiet dochs 90% fan alle bisten yn it Amazônegebiet út ynsekten. Wylst hiel Jeropa mar 321 ferskillende soarten flinters telt, hat it 40 km² mjittende Nasjonaal Park Manú, yn Perû, allinnich al 2.300 soarten flinters.

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Amazônegebiet hat in tropysk-reinwâldklimaat en oan 'e rânen in moessonklimaat. Der binne twa jiertiden: in drûge tiid, as it wetter leech stiet, en in wiete tiid, wannear't de rivier oerstreame en in grut diel fan 'e wâldflier splis komt te stean. De ynwenners fan it gebiet neame de drûge tiid "simmer" en de tiid fan heech wetter "winter", mar dat binne oantsjuttings foar it gemak, mei't der yn 'e tropen eins gjin simmer en winter binne. De gemiddelde temperatuer yn it hiele gebiet, metten oer dei en nacht is 25–28 °C, en dat bliuwt it hiele jier rûn sa. Wol is it mooglik dat der yn 'e moannen juny oant septimber, as it simmer is op it noardlik healrûn mar winter op it súdlik healrûn, in skoft in folle legere temperatuer hearsket. Dy kjeld wurdt feroarsake troch de Antarktyske winterske winen, dy't by de berchrêch fan 'e Andes lâns nei de tropen waaie.

Driuwende wenten yn Iquitos yn Perû.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Amazônegebiet is tige tinbefolke. De lânseigen befolking bestiet út mear as 400 lytse Yndiaanske etnyske groepen, dy't heechút inkele hûnderttûzenen minsken telle, mar ornaris minder as 10.000 en soms mar in pear hûndert. Der binne nei skatting noch hûndert stammen dy't folslein isolearre fan 'e bûtenwrâld libje en mei wa't der noch nea kontakt west hat, de saneamde ûnkontaktearre folken. Mar ek foar etnyske groepen dy't wol kontakt mei de bûtenwrâld hawwe, is de isolaasje faak noch tige grut. Foar it meastepart fan it gebiet is inkeld ferfier oer de rivieren mooglik, faak yn tradisjonele kano's tarist mei in bûtenboardmotor. De measte Yndiaanske groepen sprekke har eigen taal noch; hûnderten fan 'e Yndiaanske talen wurde slim mei útstjerren bedrige, mei't hieltyd mear minsken oergeane op it sprekken fan 'e dominante mearderheidstalen Spaansk en Portegeesk (en foar Guyana Ingelsk, Suriname Nederlânsk en Frânsk-Guyana Frânsk).

Der libje tsjintwurdich folle mear blanken yn it Amazônegebiet, as dat der Yndianen binne. De blanken binne foar it meastepart konsintrearre yn 'e gruttere plakken oan 'e Amazône en de sydrivieren dêrfan. De grutste stêd yn it Amazônegebiet, mei in befolking fan 2,2 miljoen minsken, is Manaus, de haadstêd fan 'e Brazyljaanske steat Amazonas, dy't oan 'e gearfloeiïng fan 'e Amazône en de Rio Negro leit. Oare gruttere stêden binne Belém, yn 'e Brazyljaanske steat Pará, en Iquitos yn eastlik Perû. Op in protte plakken is it reinwâld troch houtklap of mei opsetsin oanstutsen boskbrânen romme om it sa frijkommen lân te brûken foar feehâlderij en sojabeaneplantaazjes. Dy ûntbosking boazet almar fierder oan en bedriget it fuortbestean fan it hiele reinwâld. Ek binne der op in protte plakken yn it Amazônegebiet goudsikers oan it wurk, faak yllegaal, dy't ornaris foar grutte miljeufersmoarging soargje.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.