Bernard Hinault
Bernard Hinault (Yffiniac, 14 novimber 1954) in eardere Frâns hurdfytser.
Hinault wie sûnder mis ien fan de sterkste en mearsidichste hurdfytsers út de skiednis. Hy wie de bêste tiidrider fan syn generaasje en koe ek berchop en sels yn de sprint de spesjalisten ferslaan.
Syn alsidichheid docht bliken út it grutte tal omlopen én fytsklassikers dy't er wûn. Hinault wie nei Jacques Anquetil en Eddy Merckx de tredde renner dy't de Tour de France fiif kear wûn. Dizze prestaasje waard letter allinnich helle troch Miguel Indurain en ferbettere troch Lance Armstrong, dy't yn 2005 foar de sânde kear op rige de Tour de France op syn namme wist te skriuwen. Dêrneist wûn er trijeris de Giro d'Italia en twarres de Vuelta d'Espana. Hinault is boppedat ien fan de pear hurdfytsers dy't de Omlopen fan Itaalje en Frankryk yn ien seizoen wûn. Hy die dat wol twa kear, yn 1982 en yn 1985.
Allyksa stiet syn name meardere kearen op de earelist fan de Waalse Pylkl, Luik-Bastenaken-Luik en de Omloop fan Lombardije. Hinault hie it mier oan de kasseien fan Parys-Roubaix, mar it tekent syn eargefoel dat hy it dêr krekt allikee lang besocht oant er dy presizjeuze priis yn 1981 wûn.
Hinault koam op foar in rjchtfeardige behanneling fan de fytsers en lei by konflikten mi grut gesach de koers stil. Dan kamen de mannen rinnend oer de finish of se gienen letter op hielendal net fan start. Hy waard dêrtroch troch syn maten respekktearre, bewûndere en freze.
Op 14 novimber 1986 beëinigde Hinault syn sportive loopbaan. Hinault makket sûnt jierren diel út fan it organisaasjekommitee fan de Tour de France.
[bewurkje seksje] Ploegen dêr't Hinault foar riden hat
- Gitane
- Gitane-Campagnolo
- Renault-Gitane
- Renault-Elf-Gitane
- La Vie Claire
[bewurkje seksje] Bynamme
Hinault syn bynamme wie Le Blaireau, wat troch Nederlânske (mar ok oare net-Frânsktalige) sportkommentators steefêst oersetten waard mei De Das. Dy oersetting wie net sa gek betocht: dassen binne fretsekken en Hinault wie dat - yn de tradysje fan Eddy Merckx - ek. Mar de Frânsen bedoelden mei Le Blaireau lykwols dat er in grantich man wie en dat wie noch tichter by de wierheid, want dassen grânzgje. In alternative útlis is dat Blaireau skearkwasste betsjut, want Bernard Hinault hie yn it begjin fan syn karriêre faak in switbân om syn holle sadat syn hier der as in skearkwaste boppe-út stuts. Dit is ea troch in Nederlânske sjoernalist ferkeard oersetten as de das. Dit misferstân is begryplik omdat blaireau beide betsjuttings hawwe kin; skearkwsten waarden makke fan dassehier.