Henk van Woerden

Ut Wikipedy

Henk van Woerden (Leiden, 6 desimber 1947 - Ann Arbor, 16 novimber 2005) wie in Súdafrikaansk en Nederlânsk skilder en skriuwer. Mei njoggen jier emigrearre Van Woerden mei syn âlden nei Kaapstêd yn Súd-Afrika. Hy gie yn maaie 1968 werom nei Europa. (I hardly existed at that stage. I had refused to register for national service, carried no "White" pass, paid no taxes, and in effect remained in South Africa illegally, which was the preferred state of affairs. — van Woerden oer it ferlitten fan Súd-Afrika)

Yn 1980 krige Van Woerden de Keninklike Subsydzje foar de Skilderkeunst takend. Hy wie as learaar ferbûn oan de AKI yn Ynskedee. Neist syn skilderwurk wie Van Woerden ek warber as skriuwer: hy skreau in trijelûk oer Súd-Afrika dat nasjonaal en ynternasjonaal in protte omtinken krige (Moenie kyk nie, Tikoes en Een mond vol glas). Yn 2003 krige Van Woerden de Frans Kellendonkpriis.

Yn 2005 stoar er mei 57 jier yn 'e sliep oan, nei alle wierskyn, in hertstilstân yn Ann Arbor (Michigan) dêr't er ek dosearre as Writer in Residence oan de Universiteit fan Michigan by de fakulteit Ingelske Letteren.

Yn 2006 krige er postúm De Gouden Uil, de wichtichste Belgyske literatuerpriis foar it boek Ultramarijn. Yn 2007 waard dat boek bekroane mei de Inktaap, de literêre jongereinpriis fan it Nederlânske taalgebiet.

Syn boeken binne yn mear as tsien talen oerset.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1993 : Moenie kyk nie
  • 1996 : Tikoes
  • 1998 : Een mond vol glas
  • 2002 : Notities van een luchtfietser
  • 2005 : Ultramarijn

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]