Ofslútdyk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
In satellytfoto fan de Ofslútdyk
It lêste gat wurdt sletten mei balstienliem

De Ofslútdyk is in dyk tusken it Noard-Hollânske De Oever en it Fryske Surch. De dyk skiedt sûnt 1932 de Waadsee fan de Sudersee, dy't fan dat momint ôf de ‘Iselmar’ foarmet. De wetterkering is 32 kilometer lang en sa'n 90 meter breed. De Ofslútdyk is in part fan de Suderseewurken, ûntwikkele troch Cornelis Lely. De namme Ofslútdyk ferwiist nei de oarspronklike opset, wêrby de hiele hjoeddeiske Iselmar ynpoldere wurde soe. Mar de Ofslútdyk is in daam wurden yn stee fan in dyk, omdat er gjin lân en wetter skiedt, mar wetter tsjinhâldt.

Yn earste ynstânsje soe der ek in treinspoar op de Ofslútdyk komme. Dêr wie ek rekkenskip mei hâlden, mar úteinlik is der gjin treinspoar op kaam, mar in ekstra brede sneldyk. Oan de noardside, de kant fan de Waadsee, leit ek in fytspaad. Der binne útstellen om by it opheegjen fan de daam yn de takomst dochs noch in spoar oan te lizzen.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Al yn de 17e ieu waarden de earste plannen makke foar in ôfslútdyk, mar yn die tiid bleau it by plannen; der waard oannaam dat it droechlizzen fan de binnensee technysk net-útfierber wêze soe. Dat feroare earst yn yn 1886. Dat jier waard de Suderseeferieniging oprjochte, dy’t ûndersykje woe of de Súdersee ek ynpoldere wurde koe. Yngenieur Cornelis Lely wie der ek lid fan en hy wie de dejinge dy't it plan foar it projekt makke. Yn 1913, doe’t Lely al minister fan Wetterstaat wie, waard ynpoldering yn it regearprogram set. Yn dy tiid wiene der noch in protte protesten, mar nei de wettersneed fan 1916 wie de tiid klear foar it projekt en twa jier letter gie it parlemint dan ek akkoart.

Yn juny 1920 gie it projekt fan start. Der waard begong mei de oanlis fan de Amsteldjipdyk fan Noard-Hollân nei Wieringen, dat yn dy tiid noch in eilân wie. Sân jier letter begong de bou fan de Ofslútdyk echt. Der waard besletten om fan fjouwer plakken ôf te bouwen. Fan de beide kanten ôf, yn Fryslân en Noard-Hollân, en fan it wurkeilan Breesân ôf.

Op 28 maaie 1932, om twa minuten oer ienen yn de middei, fiif jier nei it begjin fan de bou, waard it lêste gat yn de Ofslútdyk sletten. Fjouwer moanne letter, op 20 septimber 1932, waard de namme fan de Sudersee offisjeel wizige ta it Iselmar. Noch ris in jier letter waard op 25 septimber 1933 de dyk iepene foar it ferkear.

Yn de Ofslútdyk sit krekt foar de Fryske kust in knik yn de dyk. Dy knik is ynboud om sa de útstream fan it Iselmar te fergemaklikjen. It slûzekompleks fan Koarnwertersân wettert ôf op de skeane geul fan de Middelgrûnen. It like de yngenieurs better om it slûzekompleks rjocht op de geul te pleatsen, omdat it wetter dan yn in rjochte line fuort streamt.

Oer de hiele wrâld is der noch altiten in soad bewûndering foar it fakmanskip wêrmei de Ofslútdyk boud is. De dyk waard boud sûnder kompjûters en oare avensearre apparaten. De bou fan dizze dyk befêstige de posysje fan Nederlân yn de wetterboukunde.

De Ofslútdyk aan de kant fan Noard-Hollân, mei it stânbyld fan Lely

Twadde Wrâldkriich[bewurkje seksje | edit source]

Oan de begjin fan de Twadde Wrâldkriich, mei de Dútske oanfal op Nederlân yn maaie 1940, is der bot striid levere om de Ofslútdyk, dizze skermutselingen binne letter ferneamd wurden ûnder de namme Slach om de Ofslútdyk. De Dútsers hawwe út alle macht besocht om de Ofslútdyk oer te kommen, mar dit is net slagge.

Yn it Kazemattemuseum by Koarnwertersân wurdt omtinken jûn oan dit barren.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]