Wolvegea

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Wolvegea
Himrik fan  Wolvegea
Gemeente Weststellingwerf
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen 52
Ynwenners (2007) 12.144
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 53' NB, 6° 0' EL
Netnûmer 0561
Postkoade 8471 - 8472
Webstee {{{webstee}}}


Lindenoard

Wolvegea is it haadplak fan de gemeente Weststellingwerf, oan it it spoar fan Swol nei Ljouwert. It doarp hat likernôch 12.150 ynwenners (2004). De gemeente besiket mei it nijbouprojekt De Lindewyk, wenjen oan it wetter fan Wolvegea in trekpleister te meitsjen foar mins en natuer.

Gebouwen[bewurkje seksje | edit source]

  • De herfoarme tsjerke yn it sintrum fan Wolvegea waard boud yn 1646 op de fûneminten fan in eardere tsjerke, de toer is fan 1894.

Yn Wolvegea stiet ek in monumint foar Peter Stuyvesant.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

In kaart fan Wolvegea ± 1850 fan Eekhoff. Te sjen binne û.o. de Mole, it doarp Haule en de Nije Oanlis. Ek binne de bûtens fan Van Haren en Van Heloma te sjen, en ek de Lycklama Stins
It âlde gritenijhûs fan Weststellingwerf, ea op it krúspunt fan de drokste diken, no oan it Sintrumplein'

Wolvegea is oarspronklik in streekdoarp. De âldste boarne wêryn it doarp neamd wurdt is út 1218. Yn de 19e ieu ûntwikele it doarp him ta in wichtige kearn. Grutte oarsaak wie de oanlis fan de ryksstrjitwei tusken Ljouwert en Swol yn de jierren '20 fan de 19e ieu. Dizze dyk kruse yn it doarp in wichtige east-westferbining. Op it krúspunt fan dizze beide wegen waard yn 1835 it gritenijhûs iepene (sjoch ôfbyld). Hjirmei waard Wolvegea definityf it haadplak fan de gemeente Weststellingwerf. Hoewol't it gebou yn funksje al ferskate opfolgers hân hat, bestiet it noch altyd. Der sitte yn 2008 inkele bdriuwen en apparteminten yn.

Ek de iepening fan steatsspoarline A tusken Arnhim, Swol en Ljouwert yn 1868 droech by oan de ûntwikkeling fan it doarp. It stasjonsgebou út 1865 bestiet, ûndanks in jierrenlange driging ta sloop, noch altyd en is yn 1991 hielendal renovearre. Ek bûten de âlde wegen wreide de bebouwing him no ek mear konsintrearre út. Yn 1839 waard it publike wannelplak De Nije Oanlis as wurkferskaffingsprojekt útfierd. It park waard ûntwurpen troch de fe rneamde túnarsjitekt Lucas Pieters Roodbaard. Dêrneist hienen ek de grutte bûtenhuzen grutte parkeftige tunen. Hjirfan binne noch inkele lytse gedieltes bewarre bleaun, soms allinnich mar yn de foarm fan wat âlde beammen.

It ienige bûtenhûs dat no noch yn Wolvegea stiet, is Huzinge Lindenoord. Hjir hat ûnder oare de ferneamde grytman Willem van Haren wenne. Hy wie de earste Van Haren dy't yn opfolging 122 jier grytman wienen. Willem van Haren wie grytman fan Weststellingwerf tusken 1688 en 1711. Syn pakesizzer Onno Zwier van Haren wie tusken 1742 en 1779 neist ûnder oare adviseur fan Steedhâlder Willem IV ek grytman fan Weststellingwerf. Nei in brân yn 1776 liet hy it hûs tusken 1776 en 1779 werbouwe yn Loadewyk XIV-styl.

In oar kenmerkend gebou yn it doarp is de herfoarme tsjerke. Dizze waard yn 1646 nei ferwoasting fan de oarspronklike tsjerke, diels mei werbrûken fan âlde muorregedieltes werboud. De houten bekroaning fan de toer is út 1894. Oan de oare side fan it spoar stiet de roomske tsjerke út 1939, ûntwurpen troch Pierre Cuypers jr.. Dizze tsjerke ferfong, mei útsûndering fan de toer, it foarrige gebou út 1914, in ûntwerp fan arsjitekt Wolter te Riele. Dit gebou wie de ferfanger fan de earste katolike tsjerke út 1861. s lêste bepaalt sûnt 1888 nôtmole Windlust de skyline fan it doarp. Dizze mole is mei in flecht fan wol as 27 meter de heechste yn Nederlân. Yn de mole wurdt noch altyd (demonstratyf) nôt meald. Dêrneist sit hjiryn de Aldheidkeamer Weststellingwerf.

Wenje[bewurkje seksje | edit source]

De werstrukturearre Martinibuurt wêrby't de wenningen mei útienrinnende materialen renovearre binne

Nei de Twadde Wrâldoarloch is it wenningbestân fan Wolvegea sterk fergrutte. Benammen oan de súd- en westside fan it doarp binne ferskate wenwiken ta stân komd. Tichtby it sintrum wie banammen sosjale wenningbou, rjochting it bûtegebiet binne yn haadsaak keapwenten setten. Yn de jierren '90 kaam der middenyn it doarp in wenwyk by op it plak fan de âlde drafbaan. Letter folgen nijbouprojekten ter hichte fan it eardere bûtenswimbad en in tichby steande middelbere skoalle. Ek oan de eastside fan it winkelsintrum ûntstienen in gruot oantal ynwreidingslokaasjes, ûnder oare fan it eardere merkeplein, inkele âlde bedriuwsgebouwen en twa âlde supermerklokaasjes. Hjir kamen benammen appartemintekompleksen te stean. De heechbou slút goed oan by it tichtby steande nije gemeentehûs mei acht ferdjippings. Dizze rekonstruksje oan de eastside fan it sintrum yn yn 2008 sa goed as klear.

Sûnt it begjin fan de 21e ieu wurdt in grut siel fan de hierwenningen yn de Martiniwyk út de jierren '60 opknapt. De ientoanige boublokken en de ferwaarloaze iepen romte wurde hjirby omfoarme ta in oantreklike iepen wyk mei in soad ferskaat. Suver tagelyk is oan de eastside fan it doarp begûn mei de bou fan in grutte wenwyk. Foar it nijbouprojekt De Lindewyk wurdt sa goed as it hiele gebiet tusken it spoar en de A32 opfold mei wenningen, grien en fral wetter. Yn de wyk komme sa'n 650 wenningen, dêrneist wurdt it kenmerkende lnskip fan de Lindefallei de wyk yn lutsen. Ek is der in grut rekreaasjeterrein mei swimplasse en strân oanlein.

Wurken[bewurkje seksje | edit source]

Wolvegea leit yn in agraryske omjouwing. Letter waard ek de handel yn turf in wichtige boarne fan ynkomsten. Neidat turf as brânstof hieltiten mear ferfongen waard troch stienkoal, oalje en gas, luts it doarp mear yndustry oan. Yn 2008 hat Wolvegea trije bedriuwenterreinen. It âldste fan dizze terreinen leit om de Skipsleat. It lykneamde terrein is yn de rin fan de jierren fierder útwreide. De útwreidingen makken dat hieltyd mear gebouwen leech kamen te stean. Yn 2004 is it bedriuwenterrein dêrom opknapt en kaam der in soad grien by. Yn 2008 stean op de Skipsleat sa'n 60 bedriuwen dy't oan mear as 650 minsken wurkgelegenheid biede. Oan de westside wurdt it terrein noch fierder útwreide.

Oan de eastside fan de Skipsleat, tusken it spoar en de âlde wei nei It Hearrenfean, leit bedriuwenterrein Hearendiel. Hjir is benammen plak foar bedriuwen dy't bygelyks aktyf binne yn de yndustry, distribúsje en gruthannel. Tusken de Hearrenfeanskewei en de A32 leit it bedriuwenterrein De Plantaazje. Hjir steane benammen kantoaren en tsjinstferlienende bedriuwen.

De N351 slingert as rûnwei Om den Noort tusken de trije bedriuwenterreinen troch. De bedrijven binne hjirtroch goed oansluten op de grutste útfalswegen. En ek it stsjon leit yn de measte gefallen op rinôfstân.

Foarsjennings[bewurkje seksje | edit source]

It nije gemeentehûs fan Weststellingwerf as middelpunt fan ferskate nijbouprojekten op ynwreidingslokaasjes, wêrûnder de bibleteek, winkels en apparteminten links op de foto

As haadplak fan de gemeente Weststellingwerf hat Wolvegea in wichtige regiofunksje. Yn it winkelsintrum sitte supermerken en in soad winkels. Dêrneist sit hjir de grutste wenbûlevard fan Fryslân en bine der moadesaken, kafees en hotels.

Op sportgebiet binne der in swimbad, in tal fuotbalfjilden, in skeeler- iisbaan en sportsealen. Wolvegea hat it modernste drafsportsintrum fan Nederlân. Hjir wurde, neist Duindigt de measte profesjonele wedstriden ferriden wêr't wedde wurde kin.

Underwiis[bewurkje seksje | edit source]

Yn Wolvegea binne twa middelbere skoallen: it Linde Kolleezje en AOC Terra. De basisskoallen binne: Túndoarpskoalle, De Heidepolle, Doarpsskoalle, Súd, De Adelaar, De Wegwijzer, Sint Franciscusskoalle en de Mgr. J. Scholtensskoalle.

Ferienings[bewurkje seksje | edit source]

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Bekende ynwenners[bewurkje seksje | edit source]

Ferkear en Ferfier[bewurkje seksje | edit source]

Auto[bewurkje seksje | edit source]

Wolvega leit oan de autosnelwei A32 tusken It Hearrenfean en Stienwyk.

Iepenbier Ferfier[bewurkje seksje | edit source]

It stasjon fan Wolvegea

Busferbiningen. Der ride fjouwer linen fan ferfierder Qbuzz.

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

De strjitten yn Wolvegea.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]