Aldetrine
Ut Wikipedy
|
||||||||||||||||||||||
Aldetrine (Stellingwerfsk: Ooldetriene) is in doarp yn de gemeente Weststellingwerf, It leit súdwestlik fan Wolvegea en noardeast fan Munnikebuorren, en hat ûngefear 219 ynwenners. De taal is meast Stellingwerfsk.
Aldetrine wurdt al yn in oarkonde út 1320 neamd as ‘’Oldentrinde’’. De pleatslike tsjerke wie oant de Reformaasje oan Katarina fan Aleksanderje wijd.
Yn 1794 waard de tsjerke ferfongen troch in nije; ein 19e ieu barde dat nochris.
Dizze lêste tsjerke wurdt tsjintwurdich brûkt as doarpshûs. Der is in soad fean ôfgroeven yn dizze streek.
Súdeast fan Aldetrine kin mei in kabelpont foar fuotgongers en fytsers de Linde oerstutsen wurde rjochting Oldemarkt.
Ynhâld |
Ynwenners [bewurkje seksje]
Strjitten [bewurkje seksje]
De Meenthe, De Weeren, Tsjerkhofsleane, Pieter Stuyvesantwei, Sonnegeawei.