Aldeholtwâlde

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Aldeholtwâlde
Himrik fan  Aldeholtwâlde
Gemeente Weststellingwerf
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen 24
Ynwenners (2007) 137
Huzen 49
Koördinaten 52° 54' NB, 6° 0' EL
Netnûmer 0561
Postkoade 8477
Webstee www.ter-idzard.nl


Aldeholtwâlde (Stellingwerfsk: ’’Hooltwoolde’’ is in doarp yn de gemeente Weststellingwerf, by de ynslach Teridzert fan de A32. It doarp hat likernôch 147 ynwenners yn 49 wenten (2007). Mei Nijeholtwâlde en Teridzert foarmet it in sosjale ienheid. Der wurdt meast Stellingwerfsk praten en it doarp hat in skoalle ( De Drie Dorpen ) en in tsjerke.

Untstean[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1980 waard yn Aldeholtwâlde in goed yntakt bleaun kamp fan rindierjagers ûntdekt en opgroeven. Undersyk hat útwiisd daat it kamp in tydlik kamp wie, opsetten om 12.100 f. Kr. It kamp wurdt refearearre oan de hamburchjagers dy't mar komselden op dit gebiet kamen. It kampke lei yn de buert fan de rivier de Tsjonger; de dalen fan rivieren wienen yn it saale-glasiaal de ienige plakken dêr't brânhout te finen wie. By it kamp binne tsientallen fjoerstiennen fûn en houtskoal wat dus betsjut dat de bewenners fjoer meitsje koene en ûndersyk wiist út dat soks gien is mei twiichjes en fjoerstienen.

De âldste oarkonde mei de namme Aldeholtwâlde is fan 9 septimber 1320. Aldeholtwâlde is in lyts streekdoarp dat yn de lette Midsieuwen op de krusing fan de âlde Weerdijk en de Slingerweg ûntstien is. De Weerdijk is dúdlik werjûn op de gritenijkaart fan Weststellingwerf yn de atlas fan Schotanus út 1716 en slingere him troch it westen en noarden fan de gritenij hinne. Hy kaam út it suden fan Aldetrine, en rûn dan troch Aldlemmer en Nijelemmer en noch fierder nei it easten troch Nijeholtwâlde om by Easterwâlde in bocht nei it suden ta te meitsjen oan de westlike flank fan Teridzert ta. Op de kaart is te sjen dat it noardlike part fan it útstrekte doarpsgebiet oan de Tsjonger of Kúnder ta bestie út feanen en lege haailannen.

De "Tegenwoordige Staat van Friesland" út 1788 beskriuwt it doarp sa: dit Dorpje ligt wederom ten Noordoosten der twee voorige. ‘t Zelve had ook eertyds eene Kerk aan den Noordkant van gemelden Weerdyk, doch die al in de voorige eeuw is afgebroken; zynde nog het kerkhof overig. Een klein gedeelte van de landen deezes Dorps ligt binnen dien Weerdyk; doch ‘t meeste, naar de Kuinder liggende, is laag weid- en hooiland met kostelyke klyngronden; en echter wordt ‘er tot nog toe geen turf van eenig belang gegraaven, omdat de uitvaart zeer bezwaarlyk is, wegens de ondiepten die aldaar in de rivier de Kuinder zyn. Der waard ek noch meld dat de rydwei fan Skoatterbrêge nei Wolvegea troch dit doarp hinne rint. Op de kaart yn de Eekhoff-atlas út 1850 is te sjen dat de feanen folop yn eksploitaasje binne en dat de yn 1828 oanleine ryksstrjitwei fan Ljouwert nei Swol dwers troch it doarp komd is.

Tsjerke[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1875 waard der by de krusing wol wer in tsjerke boud, ûntwurpen troch F. Brouwer út Koarnjum. Se is in frij grutte sealtsjerke mei in trijekantich sletten koar en in heal ûngeboude ranke toer fan trije segminten en in ynsnuorre spits. De aardich yn mingstyl detaillearre tsjerke hat neogoatyske spitsbôchfinsters krigen. Troch de resinte autosneldyk is it doarp yn twa parten snien.

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

1954 – 253, 1959 – 230, 1964 – 222, 1969 – 204, 1973 – 199, 2004 – 137, 2008 - 140.

Strjitten yn Aldeholtwâlde[bewurkje seksje | edit source]

Brêgesleatwei, Hearrenfeanskewei, Idzardawei, Kooiweg, Otterswei, Rykswei A32, Scheenewei, Slingerwei, Stelwei, Tsjerkewei, Tsjongerpaad, Weerdyk.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: