Skerpenseel (Fryslân)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Skerpenseel (Fryslân)
Himrik fan  Skerpenseel (Fryslân)
Gemeente Weststellingwerf
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen 31
Ynwenners (2007) 449
Huzen 183
Koördinaten 52° 50' NB, 5° 52' EL
Netnûmer 0561
Postkoade 8483
Webstee www.groteveenpolder.nl


Monumint Stuyvesant by Skerpenseel

Skerpenseel is in doarp yn de gemeente Weststellingwerf, súdwest fan de Rottige Meente. It doarp hat likernôch 420 ynwenners (2008). It leit súdwest fan Wolvegea, tusken Wolvegea en De Kúnder.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al om 1100 hinne wennen minsken yn de krite dy't no de Grutte Feanpolder neamd wurdt, mar pas yn de midsieuwen kaam de bewenning echt op gong. Der waarden wenten, sis mar hutsjes boud, meastentiids yn tropkes by elkoar. Sa ûntstienen de doarpen yn de Grutte Feanpolder: Munnikebuorren, Skerpenseel, Spangea en letter De Langelille en Nijetrine. Tusken dy doarpen wienen ek ferbiningswegen. Dat wie earst in soarte karrespoar (it Fuotpaad). It wie in saneamde 'Binnenwei'. Doe't it ferlet oan mear en bettere ferfiersmooglikheden groeide, waarden uk 'Bûtenwegen' oanlein. Dy wienen breder en weinen mei hynders der foar koenen der gebrûk fan meitsje. Sa ûntstie bygelyks de Grindwei.

Skerpenseel is it sintrale doarp fan de Grutte Feanpolder, der binne noch ferskate winkels: in supermerk, bakker en warenhûs. Der is ek in brânwarkazerne yn it doarp dy't de Grutte Feanpolder as wurkgebiet hat en dêrneist geregeld de brânwar fan Wolvegea helpe moat by brannen yn Wolvegea.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It doarp hat in feriening foar Pleatslik Belang.

Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fuotbalklub fan Skerpenseel is de op 29 febrewaris 1932 oprjchte club V.V. De Westhoek. De thúshaven fan De Westhoek is tsjintwurdich it sportkompleks It Scheenefjild en de Skeakel, fêstige yn Munnikebuorren. De akkommodaasje moat dield wurde mei fuotbalclub V.O.G.

Bekende ynwenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Peter Stuyvesant, de stifter/oprjochter fan Nij-Amsterdam (no New York), is hjir grutbrocht. Oer syn berteplak binne ferskillende ferhalen, wêrûnder dat hy berne wêze soe yn Skerpenseel.
  • Dewi Pechler, earder Idols finaliste, is opgroeid yn Skerpenseel en wenne by de opnames fan it programma yn Skerpenseel.

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Kragge, De Ribbe, Fuotpaad, Gracht, Grindwei, Nijewei, Seedyk.

Iepenbier ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: