Finkegea

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Finkegea
Himrik fan  Finkegea
Gemeente Weststellingwerf
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen 23
Ynwenners (2007) 206
Huzen 79
Koördinaten 52° 52' NB, 6° 7' EL
Netnûmer 0561
Postkoade 8393
Webstee {{{webstee}}}


Finkegea is in doarp yn de gemeente Weststellingwerf, súdwest fan Noardwâlde. It doarp hat likernôch 206 ynwenners (2007). Finke soe leech feanlân betsjutte kinne, mar yn Midden-Nederlân is in fink ek in minne turf. Yn it doarp wurdt meast Stellingwerfsk praten. Der binne 79 wenningen, in tsjerke en in maneezje. De "Finkehoeve" is in groepsakkomodaasje mei tal fan fasiliteitten foar toeristen

Yn 1973 waard yn Finkegea de Nederlânske Feriening foar Frijwillige Eutanasy (NVVE) oprjochte.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Ferklearring namme

Tal fan plaknammen yn âlde feanstreken yn Nederlân binne gearstald mei ‘fink’. ‘Fink’ yn de betsjutting fan ‘lichte feansoarte’ wêrút ‘lichte turf’ makke waard. De namme hat dus neat te krijen mei de fink as fûgel. It leit yn de reden dat Finkegea, ea lizzend tusken hege feanen lâns de provinsjegrins en de feangrûnen yn it dal fan de Linde, syn namme ûntliend hat oan de feanterij.

Yn de âldste oarkunden wurdt de plaknamme skreaun mei de begjinletter ‘F’, wat komd wêze kin troch de ynfloed fan it Frysk, wêryn de ‘f’, de ‘v’ ferkringt.

It doarp is ea ‘Nije-Steggerden’ neamd as tsjerklik ôfhinklik fan it âldere Steggerda.

[bewurkje seksje] Mienskip

It doarp hat gjin echte kearn, de measte minsken wenje in ein út inoar. Op earste peaskedei wurdt alle jierren in peaskefjoer makke.

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Strjitten

Noardwâlderwei, Schoollaan, Westvierdeparten, Suderwei.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen