Katarina fan Aleksanderje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Katarina fan Aleksanderje troch Carvaggio (1595-1596) mei har attribút, it rêd.
Houten byld fan de Hillige Katarina fan Aleksanderje yn de Sankt Franziskuskirche yn Zwillbrock. Nederrynsk, ± 1530.

Katarina fan Aleksanderje († 307) is in hilliche dy't fral yn de Midsieuwen tige populêr wie. Hja soe om hals brocht wêze fanwege har leauwen om't hja Kristus har faamwêzen tasein hie en dêrom keizer Maksentius net boaske woe.

Twifel[bewurkje seksje | edit source]

Katarina fan Aleksanderje hearde ta de populêrste hilligen fan de Midsieuwen. Mei dêrtroch is har libbensskiednis sa oerladen mei legindefoarming dat oer de wiere gong fan saken sa goed as neat mei wissichheid te sizzen falt.

Guon twifelje sels slim at hja ea bestean hat. Dêrom waard se yn 1969 mei guon oare hilligen (wêrûnder de hillige Margareta fan Antiochje, de hillige Kristoffer en op in wat oare wize de hillige Niklaas) fan de hilligenkalinder helle. Dochs komt se wer yn it direktoarium foar as frije gedachtenis, omdat dizze skrap-aksje, lykas wol mear yngrepen út dy perioade, al ferskate kearen ûnterjochte blykt is, en it boppedat net wierskynlik is dat sa'n grutskalige ferearing op neat basearre wêze soe.

Leginde[bewurkje seksje | edit source]

Neffens de leginde wie Katarina in frommens út in romroft patrysjerslaach. Hja koe alle wurken fan Plato al út de holle doe't se noch mar fyftjin jier âld wie. Se wie de Kristus mei hert en siel tagedien, en beloofde him har faamwêzen. Noch mar krekt neidat sy dat dien hie, rekke keizer Maksentius fereale op har. Op har wegering om mei him te trouwen, woe hy hat twinge har leauwe ôf te swarren ûnder bedriging mei grouwélige folterings. Ek stjoerde er syn fjirtich heidenske wiisgearen op har ôf om har te bekearen. Dat pakte lykwols oars út, en ynstee fan Katarina waarden de wiisgearen bekeard, ta it Kristendom. Dêrnei woe Maksentius har ferpletterje litte mei in rêd mei skerpe izeren punten. Ynstee fan Katarina bruts lykwols it rêd, troffen troch it wjerljocht. Hy woe har ferbaarne litte, mar it fjoer waaide útinoar en ferbaarnde de boalen. Op it lêst slagge it om har te ûnthalzjen. Ut har halswûne streamde molke dy't de stêd fan de pest befrijde.

Yn de Kristlike keunst is in rêd it fêste symboal attribút dêr't Katarina fan Aleksanderje mei ôfbylde wurdt.

Ferskaat[bewurkje seksje | edit source]