Maksintius

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Maksentius)

Maksintius, folút yn it Latyn: Marcus Aurelius Valerius Maxentius (sa. 278 - 28 oktober 312) wie Keizer fan Rome fan 28 oktober 306 oant 28 oktober 312. Hy wurdt in usurpator neamd omdat er gjin rjocht hie op de titel en troch de oare keizers net erkend waard.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Maksintius wie de soan fan keizer Maksimianus en syn frou Eutropia. Hy troude mei Faleria Maksimilla, de dochter fan keizer Galerius. Sy hienen twa soannen, dêr't allinnich de namme bekend is fan de âldste Falerius Romulus, dy't yn 309 op fjirtjinjierrige leeftyd ferstoar.

As de soan fan in Romeinske keizer hie it der alles fan dat Maksintius yn de takomst sels keizer wurde soe. Lykwols hie syn skoanheit in hekel oan him en dizze die der alles oan dat hy gjin keizer waard. Galerius krige keizer Diokletianus safier dat dizze der foar soarge dat Maksintius net Caesar waard. Maksintius waard wol keazen yn de Romeinske senaat as senator.

De Basilica Maxentii.

Doe't Konstantyn de Grutte yn 306 keizer waard neidat syn heit Konstantius Klorus ferstoarn wie, giene yn de haadstêd al gau geroften rûn dat de Praetoriaanske garde troch him opheft wurde soe. De gardelieding bean Maksintius it keizerskip oan dy't dêrmei akkoard gong en sa waard Maksintius op 28 oktober troch de Praetoriaanske garde yn it poarper heft. Lykwols neamde Maksintius himsels gjin Augustus, mar prinseps, om de oare keizers net tefolle út te daagjen. Datselde jier begûn hy mei de bou fan basilica Maxentii dy't bekend wurde soe as de Basilica Constantini en dat troch Konstantyn de Grutte ôfmakke wurde soe.

Maksintius besocht mear legitimityt te krijen en twong syn heit om meikeizer te wurden. Tegearre hienen sy in gebiet ûnder kontrole dat bestie út Itaalje, Afrika, Korsika en Sardynje. Yn 307 waard Maksintius oanfallen troch in leger fan keizer Severus II. Yn Itaalje kocht Maksintius de troepen fan Severus om, naam him finzen en deade him healwei it jier 307. Sûnt dy tiid begûn Maksintius himsels Augustus te neamen. Datselde jier wie der ek in brân yn Rome dat de timpel fan Fenus en Roma ferwoaste. Maksintius liet de tempel restaureare as teken fan syn "heidenske" leauwen.

Lettter yn 307 foel Galerius Itaalje yn. Hy lei in belis om Interamna, mar syn leger wie net machtich genôch om de stêd te oermasterjen. Underhandelings mei Maksintius rûnen speak doe't Galerius der achter kaam dat Maksintius syn troepen besocht om te keapjen. Galerius fertroude de boel net en luts him werom.

Njonken de ynvaasjes fan Severus en Galerius hie Maksintius ek in probleem mei syn heit, dy't tusken 308 en 310 ferskate pogingen die om him ôf te setten. De machtsposysje fan Maksintius kaam fierder ûnder druk te stean troch in opstân fan de vicarus fan Afrika, Domitius Aleksander, yn 308. Ien jier letter hie hy him alwer ferslein, maar krige yn 'e tuskentiid wol te krijen mei in tekoart oan nôt.

Yn 312 luts Konstantyn Itaalje yn om Maksintius ôf te setten. Op 28 oktober kaam it ta in definitive slach by Rome, dêr't Maksintius foarfêst ferslein waard. Yn de betizing fan de slach is hy yn it wetter fallen en ferdronken.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]