Greve

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje


Wiki letter w.svg
Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde.
Jo wurde noege dêr in begjin mei te meitsjen.


Greve is in aadlike titel. Yn de Frankyske tiid wie in greve in amtstitel foar de man mei it heechste amtlik, juridysk en militêr gesach dy't keazen waard troch Karel de Grutte. De greve wie de offisjele fertsjinwurdiger yn it him tasein gebiet (goa). Meastentiids waarden de greven beneamd út leden fan wichtige famyljes en namen sy mei de biskoppen en abten diel oan de grutte ryksgearkomsten.

Der waarden fjouwer funksjes fan greven ûnderskieden:

Greefskippen yn Nederlân[bewurkje seksje | edit source]

Karel de Grutte hie der foar soarge dat yn Nederlân dat ek part útmakke fan it Frankyske ryk dat it bestjoer fan it lân op regel wie. Likernôch wie der op it ein fan de 9e ieu, doe't de Wytsingen foarlutsen, sprake fan in ferwyldere tastân. Nederlân makke noch wol part út fan it East-Frânsje, it Dútske ryk, mar der wie gjin sintrale macht dy't de pleatslike greven yn de stringen hâlde koe.

De greven erkenden de keizer noch wol as harren hear, mar hâlden harren as ûnôfhinklike potestaten. De titel fan greve waard erflik. Ek besochten sy harren gebieten út te wreidzjen ta neidiele fan oare greven. De lytsere greefskippen waarden faak mei geweld oan de gruttere en machtigere ûndergeskikt makke. Oant en mei de lette Midsieuwen hienen de greven in grutte macht yn harren gebiet, faak kombinaasjes fan mear goaen dy't troch fererving in grutter greefskip foarme hienen. De keizer wie net by macht om hjir in ein oan te meitsjen. Hy koe syn gesach net hanthavenje.

Op it ein fan de Midsieuwen waard de macht lykwols troch de lienhearen werom naam. Yn dy keninkriken mei in sterk sintraal bewâld waard de greve ta net folle mear as in aadlike titel.