De Hoeve

Ut Wikipedy
De Hoeve
Emblemen
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Weststellingwerf
Sifers
Ynwennertal 395 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 7,64 km², wêrfan:
- lân: 7,54 km²
- wetter: 0,10 km²
Befolkingsticht. 52 ynw. / km²
Oar
Postkoade 8394
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 53' N 6° 5' E
Lokaasje De Hoeve (grien) yn de gemeente Weststellingwerf
Lokaasje De Hoeve (grien) yn de gemeente Weststellingwerf
Offisjele webside
www.dorpdehoeve.nl
Kaart
De Hoeve (Fryslân)
De Hoeve

De Hoeve is in doarp west fan Noardwâlde yn de gemeente Weststellingwerf.

De Hoeve hat 395 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Untstean fan buorskippen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op in kaart fan 1646 bestie it gebiet allinnich út heide. Net lang dêrnei waarden oan de Noardwâlderwei twa pleatsen set: de Westerhoeve en de Oosterhoeve. Op in kaart fan grytman Willem van Haren út 1698 binne beide pleatsen te sjen. Om't de pleatsen tichteby Finkegea en Steggerda stiene, waarden dy pleatsen ek wol Steggerdahoeve en Finkegeahoeve neamd. De Westerhoeve lei bewesten de Noardwâlder Feart en de Easterhoeve lei east dêrfan oan in yn 'e 19e iuw drûchmakke marke. De boerearbeiders bouden harren wenninkjes yn de lannen efter de pleatsen. Yn de rin fan de tiid kamen der mear húskes by, dy't mei inoar buorskipkes foarmen. De sânrêch dy't tusken it leechfean lei wie in rûge wyldernis en hiel min ûnlân dat mei wrotten en wramen oanmakke waard.

Slûswachter Contermans[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't yn 1642 de tastimming fan de Steaten fan Fryslân kaam om de Noardwâlder Feart te graven waard der yn 1650 in slûs yn de Linde boud. Dy slûs waard letter ferneamd nei de doetiidske slûsmaster Contermans. Dy man lei op in minne namme want yn 1742 waard der troch feanbazen en skippers in brief oan 'e Steaten fan Fryslân stjoerd mei de klacht dat skutmaster Contermans syn wurk allinne mar die as er dêr nocht oan hie. Hy woe de minsken leaver op it plak hâlde, sadat er har syn jenever ferkeapje koe. Dêrom liet er nachts it wetter fuortrinne. Bloedhûnen holpen de skippers op ôfstân te hâlden as hja der sels wat oan dwaan woenen.

De buorskippen wurde in doarp[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch it krewearjen fan de boer en feanbaas Albert H. Kuipers krige De Hoeve yn de jierren 1870 in skoalle. Hy stjoerde mei út namme fan oare bewenners yn 'e jierren 1870 in fersyk oan de provinsje om in skoalle te stiftsjen en stelde foar dat doel in stik grûn beskikber. De gemeente wraksele ynearsten tsjin, mar om't de diken winterdeis net te gean wiene stipe de provinsje it fersyk en sa krige it doarp in skoalle. Yn 1920 fersochten ynwenners ek om in eigen herfoarme tsjerke yn it doarp. It jier dêrop waard it tsjerkje oanbestege.

De Hoeve hie dus al in eigen skoalle en in eigen tsjerke doe't de twa buorskippen op 1 jannewaris 1938 gearfoege waarden en De Hoeve in selstannich doarp waard. Yn it ramt fan de ruilferkaveling ferdwûn yn de jierren 1970 in soad âlde bebouwing, dy't ferfongen waard troch nijbou.

Kultureel Haaddoarp 2018[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Hoeve rôp himsels op 11 febrewaris 2014 offisjeel út ta Kultuereel Haaddoarp fan Fryslân 2018. Ljouwert is dan Kulturele Haadstêd fan Europa en De Hoeve woe by dat barren de Fryske doarpen fertsjintwurdigje.[3]

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earder sportkantine waard yn 2013 ferboud ta it moderne multyfunksjoneel doarpshûs 't Hokkien. It doarp hat sûnt 1908 in eigen Pleatslik Belang. By de fiering fan it iuwfeest fan Pleatslik Belang yn 2008 krige it doarp in eigen flagge. Tsienris yn 't jier wurdt de doarpskrante "Ooster Wester" útjûn.

Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 2005 is de tsjerke fan De Hoeve foar de earetsjinst sletten en krige it gebou in oare funksje. It ynterieur is doe leechhelle en oan de nije funksje oanpast.

Skoalle[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(Klaeter is it Stellingwerfske wurd foar kletterbeam. Lykas de blêden fan de kletterbeam binne bern jimmeroan yn beweging. De namme fan de skoalle ferwiist dêrnei).

Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Befolkingsferrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier 1954 1964 1969 1974 2008 2015 2020
Ynwenners 421 396 371 312 293 410 400

Boarnen: 2015 en 2020: Alle Cijfers. Oare jierren sûnder boarnefermelding oernommen fan de besteande ynformaasje yn it artikel)

Eveneminten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch: alle strjitten yn De Hoeve.

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. De Hoeve presenteert zich als Cultureel Hoofddorp, Webside 2018.nl, sjoen 16-02-2015
  4. Molendatabase, opropppen 7 july 2023
Weststellingwerf
Doarpen en útbuorrens:
AldeholtpeaAldeholtwâldeAldetrineAldlemmerBlesdikeDe BlesseBoylEasterstreekFinkegeaDe HoeveDe LangelilleMunnikebuorrenNijeholtpeaNijeholtwâldeNijetrineNijlemmer • NoardwâldePepergeaSânhuzenSkerpenseelSlikenboarchSonnegeaSpangeaSteggerdaTeridzertWolvegea
Buorskippen:
BoekelteDe GrêftRysberkampenSkoattersyl (foar in part)
wizigje