Stellingwerfsk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Stellingwerfsk
oare namme(n): Oertsjongersk
eigen namme: Stellingwarfs
Ingelske namme: Stellingwerfs
sprutsen yn: Nederlân
taalgebiet: de gemeenten Weststellingwerf en Eaststellingwerf yn 'e provinsje Fryslân, útsein de doarpen Haulerwyk, Haule, Donkerbroek en Waskemar yn it noardeasten fan Eaststellingwerf; fierders it Stienwikerlân, oftewol de Kop fan Oerisel, yn provinsje Oerisel, besteande út de gemeenten Iselham, Stienwyk en Brederwiede; en in grut part fan it westen fan 'e provinsje Drinte, besteande út it grutste part fan 'e gemeente Westerfjild en dielen fan 'e gemeenten Midden-Drinte, Noarderfjild en Meppel
tal sprekkers (1999): 51.000
dialekten: 'Haadstellingwerfsk', Eaststellingwerfsk, Kúndersk, Westhoekstersk, Bloksylsk, Follenhoofsk
taalklassifikaasje: Yndo-Jeropeesk - Germaansk - Westgermaansk - Súdwestgermaansk - Nederfrankysk-Nedersaksysk - Nedersaksysk - Nedersaksysk - Drintsk - Stellingwerfsk
skrift: it Latynske alfabet
bibeloersetting: http://www.stellingwerfs-eigen.nl/Biebel/
taalstatus: it Stellingwerfsk wurdt beskôge as in dialekt fan it Nedersaksysk; op himsels genietet it erkenning as streektaal; it gebrûk fan it Stellingwerfsk wurdt aktyf befoardere troch de gemeenten Eaststellingwerf en Weststellingwerf
taalkoade ISO 639-1: n.f.t.
taalkoade ISO 639-2: n.f.t.
taalkoade ISO 639-3: stl
De behearsking fan it Stellingwerfsk troch de ynwenners fan 'e gemeente Weststellingwerf.

It Stellingwerfsk, ek wol Oertsjongersk neamd, is in Nedersaksysk dialekt dat sprutsen wurdt yn it súdeasten fan 'e provinsje Fryslân, it noardwesten fan 'e provinsje Oerisel en it súdwesten fan 'e provinsje Drinte. It is ien fan 'e fitaalste Nedersaksyske dialekten yn Nederlân.

It Stellingwerfske Taalgebiet[bewurkje seksje | edit source]

It Stellingwerfsk wurdt sprutsen 'e gemeenten East- en Weststellingwerf (tegearre bekend as de Stellingwerven), yn it uterste súdeasten fan 'e provinsje Fryslân. De doarpen Donkerbroek, Haule ,Haulerwyk en Waskemar, yn it noardeasten fan Eaststellingwerf, binne Frysktalich en hearre dêrom net ta it Stellingwerfske taalgebiet. Wol hearre dêrta de gebieten oare kant de provinsjegrins, it saneamde Stienwikerlân (de Kop fan Oerisel) yn 'e provinsje Oerisel en in brede stripe fan it súdwesten fan 'e provinsje Drinte.

It Stienwikerlân bestiet rûchwei út 'e gemeenten Iselham, Stienwikerlân en Brederwiede (útsein de eastlike punt). Yn súdwestlik Drinte hearre it grutste part fan 'e gemeente Westerfjild, lytse stikken fan 'e gemeenten Midden-Drinte en Noarderfjild (tegearre it saneamde Smilderlân) en in smelle streek fan 'e gemeente Meppel ta it Stellingwerfske gebiet.

Ek yn eastlike doarpen fan 'e Fryske gemeente Lemsterlân (Dolsterhuzen, Bantegea, Ychtenbrêge, Ychten, Giterskebrêge en Eastersee) wurdt troch ynkommers wol Stellingwerfsk sprutsen. Dêr is it lykwols net ynheemsk, mar waard it brocht troch lju út Gieteren, yn it Stienwikerlân, dy't dêr fan 'e iere njoggentjinde ieu ôf it leechfean ûntginden. Krekt sa waard it Stellingwerfsk foarhinne ek sprutsen yn doarpen yn it suden fan 'e gemeente It Hearrenfean.

It Sprekkerstal[bewurkje seksje | edit source]

It Stellingwerfsk wurdt tsjintwurdich sprutsen troch sa'n 51.000 minsken. Dêrfan wenje likernôch 14.000 yn Weststellingwerf, 7.000 yn Eaststellingwerf, 20.000 yn it Stienwikerlân en 10.000 yn súdwestlik Drinte. It Stellingwerfsk is ien fan 'e Nedersaksyske dialekten yn Nederlân en boppedat is it it meast emansipearre Nedersaksyske dialekt. Dat komt om't it yn it skaad fan in sterkere minderheidstaal (it Frysk) bestiet en him dêr sawol tsjin ôfset as oan oplutsen hat. Lykwols nimt it sprekkerstal ôf, mei't in bûtenproporsjoneel grut part fan 'e sprekkers út âlderen bestiet.

Statistiken yn persintaazjes[bewurkje seksje | edit source]

Hjirûnder stiet in liste mei persintaazjes út in ûndersyk nei taelbehearsking fan it Nedersaksysk (dus ek it Stellingwerfsk). De persintaazjes binne ôfkomstich út de Taaltelling Nedersaksisch publiseard in 2005.

Weststellingwerf[bewurkje seksje | edit source]

  • it Stellingwerfsk ridlik oant goed sprekke kinne: 64,6%
  • it Stellingwerfsk thús feitlik faak sprutsen: 53,2%
  • it Stellingwerfsk lêze kinne: 77,2%
  • it Stellingwerfsk ridlik faak lêze: 52,3%

Eaststellingwerf[bewurkje seksje | edit source]

  • it Stellingwerfsk ridlik oant goed sprekke kinne: 48.9%
  • it Stellingwerfsk thús feitlik faak sprutsen: 29,5%
  • it Stellingwerfsk lêze kinne: 66,7%
  • it Stellingwerfsk ridlik faak lêze: 47,5%

Stienwikerlân[bewurkje seksje | edit source]

  • it Stellingwerfsk ridlik oant goed sprekke kinne: 67,4%
  • it Stellingwerfsk thús feitlik faak sprutsen: 49,3%
  • it Stellingwerfsk lêze kinne: 77,9%
  • it Stellingwerfsk ridlik faak lêze: 41,7%

Besibskip mei oare Nedersaksyske Dialekten[bewurkje seksje | edit source]

Wat de besibskip mei oare Nedersaksyske dialekten oangiet, wurdt it Stellingwerfsk ornaris mei it Middendrintsk en it Súddrintsk yn 'e Drintske dialektgroep yndield. Fanwegen de ynfloed dy't it Frysk der troch de ieuwen hinne op útoefene hat, wolle guon taalkundigen it lykwols yn 'e Grinslânske kloft hawwe, wylst wer oaren it hielendal net mei oare Nedersaksyske dialekten yn in groep pleatse.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Oerlevering en Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

It Stellingwerfsk is oerlevere fan 'e earste helte fan 'e njoggentjinde ieu ôf yn 'e foarm fan poëzij yn 'e Friesche Volks-Almanak. It earste boek yn it Stellingwerfsk kaam út yn 1918. Dat wie in iepenloftspul fan 'e hân fan J.H. Popping, mei de titel: "Uut het leven. Tooneelstok in drie bedrieven in het dialect der Stellingwarvers".

Pas nei de Twadde Wrâldoarloch waard it Stellingwerfsk hieltyd mear skreaun. De wichtichste skriuwers yn dy snuorje wienen Hendrik Johannes Bergveld (1902-1966), Martinus Bakker (1926-1996) en Aldeberkeapster doarpsdichteresse Lamkje Hof-De Boer (1908-1991). Tsjintwurdich is Johan Veenstra (berne yn 1946), mei troch syn jierrenlange radiokollem by Omrop Fryslân fierwei de bekendste Stellingwerfske skriuwer, net allinne yn it Stellingwerfske taalgebiet en oangrinzgjende Nedersaksyske gebieten, mar ek yn 'e Frysktalige dielen fan 'e provinsje Fryslân.

De 'Stellingwarver Schrieversronte[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1972 waard de Stellingwarver Schrieversronte oprjochte, dy't sûnt boeken útjout, taalkursussen fersoarget en ûndersyk docht nei de Stellingwerfske taal en kultuer. Mei goed 1.300 leden is dat nei ferhâlding de grutste Nedersaksyske streektaalorganisaasje yn Nederlân. De Schrieversronte giet lykwols allinne oer it Stellingwerfske taalgebiet yn 'e provinsje Fryslân. It Stellingwerfske gebiet yn Oerisel falt ûnder de ferantwurding fan 'e Iselakademy yn Kampen, wylst dat yn Drinte fersoarge wurdt troch it Instituut Drentse Taol, yn Assen. Alle trije organisaasjes binne oansletten by de SONT, de Federaasje fan Streektaalorganisaasjes yn it Nedersaksyske Taalgebiet.

Erkenning as Minderheidstaal[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1981 stelden de gemeenten East- en Weststellingwerf har ta doel om 'e Stellingwerfske taal en kultuer safolle mooglik te stimulearjen. Yn it ferlingde dêrfan krigen alle boargers fan 'e beide gemeenten formeel it rjocht om harren yn kontakten mei de gemeenten fan it Stellingwerfsk te betsjinjen.

Op oankringen fan 'e Stellingwerfske gemeenten en de provinsjes Grinslân, Drinte, Oerisel en Gelderlân waard it Nedersaksysk yn 1995 troch it Nederlânske regear offisjeel erkend as minderheidstaal. Yn 1996 joech Nederlân it Nedersaksysk op ûnder Diel II fan it Jeropeesk Ferdrach foar Regionale en Minderheidstalen.

Nedersaksyske taalstriders gong dat lykwols net fier genôch; sy stribje de hegere erkenning ûnder Diel III, sa't it Frysk dy hat. Yn dy striid rinne de Stellingwerven foarop, stipe troch de provinsje Fryslân. Grinslân, Drinte en Oerisel komme dêr in efteroan, mar Gelderlân docht frijwol neat foar it Nedersaksysk en dêr heakket de saak op. Sadwaande hawwe de Stellingwervers besocht harren dialekt ôfsûnderlik as taal erkend te krijen, mar dêr woe it Nederlânske regear net oan.

It Stellingwerfsk Hjoed de Dei[bewurkje seksje | edit source]

De lokaasje fan it Stellingwerfske dialekt yn it Nedersaksyske taalgebiet.

Troch de jongerein wurdt it troch noch gjin 5% sprutsen.

It Stellingwerfske Wurdboek[bewurkje seksje | edit source]

Fan 1975 ôf hat it Instituut veur Stellingwarver tael en kultuur, yn Aldeberkeap, dat ynsteld wie troch Stellingwarver Schrieversronte, yn gearwurking mei it Nedersaksysk Ynstitút oan 'e Ryksuniversiteit Grins, oanarbeide op it útjaan fan in grut Stellingwerfsk wurdboek. Nei in jierrenlange tarieding kaam yn 1994 it earste diel fan dat Stellingwarfs Woordeboek út, diel II, dat de letters F oant en mei K besloech en 843 siden hie. Yn 1997 ferskynde diel III, oer de letters L oant en mei R (1151 siden) en yn 2001 diel IV, oer de letters S oant en mei Z (985 siden). It lêste diel om útjûn te wurden, yn 2004, wie diel I, dat de letters A oant en mei E besloech en 821 siden telde. Mei-inoar besteane de fjouwer dielen út presys 3.800 siden, mei nei skatting 70.000 oant 80.000 wurden.

Yn septimber 2005 ferskynde der ek in beheinde edysje, it Stellingwarfs-Nederlands Verklarend Handwoordenboek, dat 704 siden hat.

Stellingwerfske bibeloersetting[bewurkje seksje | edit source]

De Stellingwerfske bibeloersetting is útjûn op 12 moaie 2010.

It Stellingwerfsk yn 'e Media[bewurkje seksje | edit source]

Yn 'e Stellingwerven hat it Stellingwerfsk in eigen tydskrift, "De Ovend" ("De Une"), dêr't proaza, poëzij, literatuerresinsjes en stikken oer taalkunde, folkskunde en skiednis allegear yn publisearre wurde. Fierders ferskine der yn it wykblêd Stellingwerf en yn 'e Ljouwerter Krante eltse wike fêste rubriken yn it Stellingwerfsk.

Wat oare media oangiet, de beide lokale radiostasjons yn 'e Stellingwerven stjoere it streektaalprogramma "Huus en Hiem" út, der ferskine cd's mei Stellingwerfske muzyk, der is in Stellingwerfske kabaretgroep mei de namme "Evenpies bi'jpraoten" en út en troch wurdt der sneins yn 'e tsjerken yn it Stellingwerfsk preke.

Frjemd genôch hat dizze bloei fan it Stellingwerfsk yn 'e Stellingwerven oant no ta noch gjin grutte ynfloed hân op 'e Stellingwerfske gebieten yn 'e Kop fan Oerisel en súdwestlik Drinte.

Stellingwerfske prizen[bewurkje seksje | edit source]

Foar sprutsen of skrean wurk yn it Stellingwerfsk binne der de H.J. Bergveld-pries, de Stellingwarver Schrieveri'je-pries en de Stellingwarver Schriefwedstried.

Klanklear en Wurdskat[bewurkje seksje | edit source]

It Stellingwerfsk ûnderskiedt him it meast fan 'e Nedersaksyske dialekten der omhinne troch it foarkommen fan it lûd "ae", yn it Frysk stavere as "ê". Men brûkt dan ek wol de sin "Et waeter klaetert tegen de glaezen dat et daevert" om it Stellingwerfsk te karakterisearjen. In oare klank dy't karakteristyk is foar it Stellingwerfsk, is de "i'j" (útsprutsen as in "i" mei in lichte "j" derefteroan) yn stee fan of njonken de klank "ie" ("i").

Typearjend foar it Stellingwerfsk is fierders ek it foarkommen fan it foarnamwurd "jim" (of de fariant "jum"), dat yn 'e oare Nedersaksyske dialekten net foarkomt, mar yn it Frysk wol. It is net dúdlik at dit in Frysk lienwurd is of at it Stellingwerfsk yn dit ferbân in parallelle ûntwikkeling mei it Frysk trochmakke hat, fan "jimanna" nei "jim".

Ynfloed fan it Frysk[bewurkje seksje | edit source]

It hjoeddeiske Stellingwerfsk lit noch dúdlik sjen hoe grut de ynfloed west hat, dy't it Frysk der troch de ieuwen hinne op útoefene hat. Ferlykje de foarbylden yn 'e ûndersteande tabel.

Stellingwerfsk Frysk Nederlânsk
buse bûse broekzak
jaszak, ensfh.
dwirre twirre (kleine) windhoos
omkrieten/kriete krite omgeving
ommeraek omraak in hoge mate
onsjogge ûnsjoch erg lelijk
ri'j
ree
rij te royaal
verkwistend
smots(e)
moes
smots moes
heit en mem (of: moeke) heit en mem vader en moeder

Subdialekten[bewurkje seksje | edit source]

It Stellingwerfsk hat gjin echte dialekten - dêrfoar binne de ferskillen te lyts - mar der besteane wol dúdlike farianten. Yn fierwei it grutste part fan it Stellingwerfske gebiet (Weststellingwerf, súdwestlik Drinte, it grutste part fan it Stienwikerlân en de westlikste punt fan Eaststellingwerf) wurdt it gewoane Stellingwerfsk sprutsen, dat wol it Haadstellingwerfsk neamd wurdt.

It Eaststellingwerfsk wykt dêrfan ôf trochdat dêryn wurden einigjend op "-aer" útsprutsen wurde as "-eer". Yn it Kúndersk, sprutsen yn 'e omkriten fan De Kúnder en Blankenham, wurdt der "aa" sein yn stee fan "ae" en yn 'e fjouwer westlikste doarpen fan Weststellingwerf (Munnikebuorren, Nijetrine, Skerpenseel en Spangea) wurdt njonken it Haadstellingwerfsk ek noch in oare fariant sprutsen, it saneamde Westhoekstersk, dat sterk op it Kúndersk liket.

Fierders is der dan noch it Bloksylsk, dat yn it doarp Bloksyl en omkriten sprutsen wurdt en dêr't men "ao" ("ô") yn seit yn stee fan "ae". En ta ein beslút moat it Follenhoofsk neamd wurde, dat yn 'e omkriten fan Follenhove, Sint-Janskleaster en Wanneperfean sprutsen wurdt en dêr't men "aa" yn seit yn stee fan "ae". It Bloksylsk en it Follenhoofsk wurde troch guon taalkundigen net ta it Stellingwerfsk rekkene en troch oare wer al.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bloemhoff, H., Stellingwerfs, Den Haach, 2002.
  • Gorter, D., en Jonkman, R.J., Taal yn Fryslân op 'e Nij Besjoen, Ljouwert, 1995.
  • Jansma, K., Friesland en zijn 44 gemeenten, Ljouwert, 1981.
Talen en Dialekten yn Fryslân
Frysk
Aastersk | Hylpersk | Klaaifrysk (Bjirmsk) | Molkwardersk † | Noardhoeksk (EastnoardhoekskWestnoardhoeksk) | Skiermûntseagersk | Skylgersk | Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) | Wâldfrysk (Westereindersk)
Hollânsk
Hollânsk-Frysk
Amelânsk (EastamelânskWestamelânsk) | Biltsk (EastbiltskWestbiltsk) | Midslânsk | Stedsk (BoalserterskDokkumerskFeanstersk †FrjentsjerterskHarnzerskKollumerskLjouwerterskSnitserskStarumersk)
Westfrysk
Flylânsk †
Nedersaksysk
Pompstersk | Stellingwerfsk (EaststellingwerfskHaadstellingwerfskKúnderskWesthoekstersk) | Westerkertiersk (Kollumerlânsk)