De Blesse
|
||||||||||||||||||||||
De Blesse is in doarp yn de gemeente Weststellingwerf, súdlik fan Wolvegea oan de Wei nei Oerisel. It doarp hat likernôch 829 ynwenners. De fiertaal is meast Stellingwerfsk.
De Blesse is goed berikber per iepenbier ferfier. Rjochting Wolvegea/It Hearrenfean en Noardwâlde rydt Arrivaline 26. Dizze jout yn Wolvegea oansluting op de treinen fan/nei Ljouwert/Swol. Rjochting Stienwyk en Marknesse/Emmeloard rydt Connexxionline 76, yn Stienwyk is in goede oansluting op de treinen fan/nei Swol/Ljouwert.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Yn 1413 wurdt it doarp op lêst fan de biskop fan Utert ferbaarnd.
Yn de 17e ieu koe it rivierke de De Lende allinnich oerstutsen wurde mei in pontsje. Pas yn 1668 kaam der in brêge, neidat de skâns fan de Lendeliny troch Musterske soldaten fernield wie. De Blesse is noch net sa'n âld doarp. Foar de 19e ieu stienen hjir mar in pear pleatsen dy't destiids noch ûnder Blesdike foelen en foar in diel by Pepergea hearden. De Ryksstrjitwei (Stienwikerwei) waard yn de jieren tachtich geandewei drokker troch tanimmend fracht- en autoferkear. Hjirop waard besluten om de snelwei A32 oan te lizzen. Dizze kaam oan de eastkant fan it doarp by Pepergea neist it spoar. De geunstige lizzing oan de eardere ryksstrjitwei (Stienwikerwei) tusken Ljouwert en Swol soarge der ek foar dat der in soad huzen byboud waarden. Oan de eastkant fan dizze wei ûntstie in nije doarpskearn, dat letter De Blesse of Blessebuert neamd waard. Hjirtroch koe it doarp him fierder ûntwikkelje.
Oer de ôfkomst fan dizze doarpsnamme binne ferskate bewearingen. Sa soe de namme komme fan it rivierke "Bles", dat op har beurt ôfkomstich blykt fan de famylje "Van de Bles", dy't yn de 15e ieu op in pleats "De Oude Bles" tichtby De Eese wennen. Ek binne der ûndersikers dy't de namme "Bles" yn ferbân bringe mei de betsjutting fan "plasse".
De "Bles" streamde út it "Noordwoldigerveen" wei, efter Finkegea en Steggerda lâns, oer de râne fan De Eese nei "Knienebargen". It lêste gedielte rûn bylâns de ryksstrjitwei, om úteinlik út te mûnjen yn de Linde. In gedielte fan it âlde streamke waaard ea útgroeven, en krige bekendheid ûnder de namme Blesser Feart.
Om 1850 hinne wei der in mole en in skoalle. Om dizze tiid wienen alle jierren twa biste- en hynstemerken; de iene op Pinkstertiisdei en de twadde op de earste tiisdei yn oktober.
[bewurkje seksje] It besjen wurdich
- Blesbrêge - Oait ien fan de wichtichste plakken foar de ferkearsstreamen tusken Oerisel en Fryslân, dêr't de leechte fan De Lende foarbygien waard. Yn de Twadde Wrâldoarloch hat him om de brêge hiel wat ôfspile. Sa waard op 6 maart 1944 in ridende trein fanút Wolvegea ûnder fjoer nomd, de trein kaam ta stilstân by it saneamde "Swarte Weggetje", flakby de Blesbrêge. Ek waard de spoarbrêge oer De Lende ûnder fjoer nomd. Op 4 maaie 2005 hat de Feriening Histoarje Weststellingwerf in tinkstien by it "Swarte Weggetje" setten.
- Lendevallei
- Nôtmole De Mars
[bewurkje seksje] Mienskip
De Blesse en Pepergea hawwe meiinoar in doarpsferiening Pleatslik Belang De Blesse - Pepergea “Ta Nut en Genoegen”, oprjochte op 10 desimber 1864. It doarp hat in iepenbiere skoalle en in benzinestasjon.
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Ferienings
- VV De Blesse - fuotbal
[bewurkje seksje] Strjitten
Boppenwei, Domeinenwei, Ikeleane, Ingelsesteech, Eskdoarnstrjitte, Franke Deddenstrjitte, Hagedoarnstrjitte, Konijnenbergen, Markewei, Master Baasstrjitte, Hagedoarnrnstrjitte, Nijstrjitte, Spoarleane, Stienwikerwei.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |