De Mars (De Blesse)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Mars

De Mars is in nôtmole yn De Blesse .

De achtkante boppekruier waard yn 1834 boud foar de famylje Schlecht. Yn 1916 ferkocht in neisiet út dizze famylje de mole oan in koöperaasje; Schlecht bleau mûnder. Nei 1919 waard in elekromotor as oanfolling op de oandriuwing troch wyn ynstalearre. Yn 1925 briek in roede en 1927 waard de âlde mealwurk ûntmantele en it wjukkenkrús der ôf helle. Yn 1958 waard ek it boppe-achtkant sloopt. Nei ferkeap fan de mole oan in partikulier yn 1985 kamen der plannen foar werbou dy't yn 1997 begûn en yn 1999 klear wie. De mole is neamd nei de eigener.

It wjukkenkrús hat roeden mei in lingte fan 18,20 meter dy't in âldhollânsk stekwurk mei seilen hat. De ynrjochting bestiet út ien koppel mealstienen. Frijwillige mûnders litte de mole geregeldwei draaie.