Swarte Harne

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Swarte Harne
Restaurant de Zwarte Haan
Restaurant de Zwarte Haan

Swarte Harne is in buorskip oan de Waadseedyk by Sint Jabik yn de gemeente It Bilt. De namme komt ek foar as Zwarte Haan, Swarte Herne en De Swarte Haan

De namme harne komt fan in hoeke tusken twa seediken. Oant 1948 wie dêr it fear op It Amelân en Skylge. It plak krige syn namme troch in herberch De Schwarte Hinde dy't yn 1811 neamd wurdt, swart is de kleur fan it slyk yn de Waadsee. Swarte Harne is nei de yndiking fan 1715 ûntstien oan'e Nijebiltdyk. Hjir siet ek it monumint fan de De Slykwurker.

Swarte Harne wurdt ek wol "it begjin fan de wrâld" neamd, omdat it Jabikspaad dêr begjint.

Boarnen, noaten en referinsjes [bewurkje seksje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: