It Bilt
Gemeente It Bilt
|
|||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() |
|||||||
| Provinsje | Fryslân | ||||||
| Boargemaster | Gerrit Krol (waarnimmend) | ||||||
| Haadplak | Sint Anne | ||||||
| Gebiet - wetter |
116,48 km² - 25,88 km² |
||||||
| Ynwenners | 10.949 | ||||||
| Ferkearsieren | N393 | ||||||
| Netnûmer | 0518 | ||||||
| Postkoades | 9047 - 9079 | ||||||
| Offisjele webstee | www.hetbildt.nl | ||||||
It Bilt (Biltsk: ‘t Bildt) is in gemeente oan de noardkust fan Fryslân, mei 10.949 ynwenners (1 jannewaris 2004). It hat in gebiet fan 116,48 km2, wêrfan 25,88 km2 wetter, en 15,4 km kust.
Ynhâld |
Skiednis [bewurkje seksje]
De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan it Bilt.
De gemeente is opboud út trije polders yn de âlde Middelsee: it Aldbilt, ynpoldere yn (1505), it Nijbilt (1600) en de Alde Biltpollen (1715). Yn 1984 is dêr by de gemeentlike weryndieling noch in part fan de eardere gemeente Barradiel bijkaam. Dat nettsjinsteande protesten fan in soad Bilkerts, dy't leaver gjin âldlân by harren gemeente hawwe woene.
Plakken [bewurkje seksje]
It haadplak fan de gemeente is Sint Anne, en de oare plakken yn de gemeente binne: Aldebiltsyl, Froubuorren, Sint Jabik, Minnertsgea, Nij Altena en Westhoek.
Omskriuwing [bewurkje seksje]
It Bilt is dúdlik foarme as in polder, mei rjochte diken. Dêrtroch leit hjir ek de langste strjitte fan Nederlân: De Aldbiltdyk (12,5 km.). It ynpolderjen hat ek gefolgen hân foar de taal. De measte wurkers kamen út Súd-Hollân en sprutsen harren eigen taal. Dy is mongen rekke mei it Frysk, ta it Biltsk (Bildts). Fierders hat It Bilt de apartigens dat in soad pleatsen de skuorre dwers op it hûs hawwe, de Winkelheakpleatsen.
Taal [bewurkje seksje]
It Bilt is ien fan de gebieten yn Fryslân wêr fan âlds út it Frysk net as earste taal sprutsen wurdt. Yn dit gebiet hat him sûnt de 16e ieu in Frysk-Nederlânske mingtaal ûntwikkele, it Biltsk. Allinnich yn it doarp Minnertsgea, dat pas letter by It Bilt kaam en sadwaande net ta it histoaryske gebiet fan It Bilt heard, is fan âlds it Frysk de earste taal.
Op It Bilt is it Frysk de meast sprutsen taal, it Frysk wurdt troch 44% fan de minsken sprutsen. Nei it Frysk is de lokale taal it Biltsk de meast sprutsen taal, foar 32% is dat de memmetaal. It Nederlânsk is foar 19% de memmetaal en it Stêdsk foar 3%. Ien persint fan de minsken hat in útlânske taal as memmetaal.[1]
Untwikkeling ynwennertal [bewurkje seksje]
Sjoch ek [bewurkje seksje]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Eksterne ferwizing [bewurkje seksje]
| Gemeenten yn de Provinsje Fryslân | |
|---|---|
| Achtkarspelen | It Amelân | It Bilt | Boarnsterhim | Dantumadiel | Dongeradiel | Eaststellingwerf | Ferwerderadiel | Flylân | Frjentsjerteradiel | Gaasterlân-Sleat | Harns | It Hearrenfean | Kollumerlân | Lemsterlân | Littenseradiel | Ljouwert | Ljouwerteradiel | Menameradiel | Opsterlân | Skarsterlân | Skiermûntseach | Skylge | Smellingerlân | Súdwest-Fryslân | Tytsjerksteradiel | Weststellingwerf |
|
| wizigje | |
