1637
Ut Wikipedy
Ieuwen: 12e - 13e - 14e - 15e - 16e - 17e ieu - 18e - 19e - 20e - 21e - 22e
Jierren: 1632 - 1633 - 1634 - 1635 - 1636 - 1637 - 1638 - 1639 - 1640 - 1641 - 1642
Foarfallen [bewurkje seksje]
- Foar it earst, fanwegen de oanhâldende jildneed fan 'e Steaten, wurde stikken fan sawol it Ald-Bilt as it Nij-Bilt oan 'e pachters ferkocht.
- 5 febrewaris - Yn de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen komt de 'tulpemany' ta in hichtepunt. Op in feiling yn Alkmar wurdt in deiomset makke fan 90.000 gûne. De bol wurdt sels 1000 gûne betelle, mear as de priis fan in gemiddeld wenhûs yn dy jierren.
- febrewaris - Dêrnei stoart de merk yn. De prizen sakje, bollen wurde dumpt wêrnei't de prizen noch hurder kelderje. Oarders wurde ôfsein, dat liedt ta prosessen en faillisseminten. De swierst troffenen moatte flechtsje en earne oars in hinnekommen sykje. Of se meitsje harren sels fan kant.
- Breda falt wer yn hannen fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen.
- 17 septimber - Earste printinge fan de Steatefertaling.
Berne [bewurkje seksje]
- 10 febrewaris - Henriëtte Catharina fan Nassau, dochter fan steedhâlder Freark Hindrik en Amalia fan Solms († 1708)
- 12 febrewaris - Jan Swammerdam, Nederlânsk natuerwittenskipper
Ferstoarn [bewurkje seksje]
- 19 mei - Isaac Beeckman (1588-1637), Nederlânsk filosoof
Jierren: 1632 - 1633 - 1634 - 1635 - 1636 - 1637 - 1638 - 1639 - 1640 - 1641 - 1642
Ieuwen: 12e - 13e - 14e - 15e - 16e - 17e ieu - 18e - 19e - 20e - 21e - 22e