Wieringen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lizzing fan Wieringen
Wieringen op in kaart út 1849

Wieringen (Westfrysk: Wirringen) is in earder Waadeilân yn de kop fan Noard-Hollân. Mei de foarnaamste plakken Hippolytushoef en Den Oever foarmet it de gemeente Wieringen. Lytsere plakken binne Oosterland, Westerland en útbuorren as De Haukes en Stroe. Sûnt 1 july 2006 wenje yn dizze gemeente 8.398 ynwenners (boarne: CBS).

It lânskip fan Wieringen is net hielendal flak: it wurdt karakterisearre troch stowâlen fan balstienliem, dy't yn de Saale-iistiid foarme binne. Sa om-ende-by 1200 is Wieringen in eilân wurden as gefolch fan opienfolgjende stoarmfloeden. De namme Wieringen hat neat mei (see)wier te krijen en is ôflaat fan it Aldfryske 'wîr' dat hichte betsjut.

De oarspronklike bewenners wienen Friezen dy't it hjir oant de 13e ieu foar it sizzen hienen. Sy waarden yn 1284 troch de Hollânske greve Floaris V ferslein. Dizze greve oermastere it gebiet en de Fryske befolking waard troch him skatplichtich makke. Doe’t grutte stikken fan Noard-Hollân ûntgûn waarden, waard it belang fan it heger lizzende Wieringen minder.

Op 31 july 1924 kaam der in ein oan it bestean as eilân doe’t it Amsteldjip mei in dyk ôfsluten waard fan de Waadsee. Op Wieringen wurdt dizze dyk de Koarte Ofslútdyk neamd. Yn 1930 kaam ek de eastlike Wieringermardyk klear en dêrmei waard it oanlizzende wetter polder de Wieringermar. De ôfsluting fan de Sudersee waard yn 1932 foltôge mei de echte Ofslútdyk, dy't Wieringen mei de provinsje Fryslân ferbynt. Dizze dyk begjint by Den Oever.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

 
Noard-Hollân
Flagge fan de provinsje Noard-Hollân
Aalsmeer - Alkmar - Amstelveen - Amsterdam - Anna Paulowna - Beemster - Bergen (Noârd-Hollân)-Bergen - Beverwyk - Blaricum (gemeente)-Blaricum - Bloemendaal - Bussum - Castricum - Diemen - Drechterlân - Edam-Volendam - Graft-De Rijp - Haarlemmerliede en Spaarnwoude - Haarlemmermeer - Haarlim (haadstêd) - Harenkarspel - Heemskerk - Heemstede - Heerhugowaard - Heiloo - De Helder - Hilfertsom - Hoarn (Noard-Hollân)-Hoarn - Huizen - Inkhuzen - Koggelân - Landsmeer - Langedyk - Laren (Noard-Hollân)-Laren - Medemblik (gemeente)-Medemblik - Muiden - Naarden - Niedoarp - Oostzaan - Opmar - Ouder-Amstel - Purmerend - Saanstêd - Skagen - Schermer - Stêde Broec - Tessel - Uitgeest - Uithoorn - Velsen - Weesp - Wetterlân (gemeente)-Wetterlân - Wieringen - Wieringermeer - Wijdemeren - Wormerland - Zandvoort - Zeevang - Zijpe