Wieringermar

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lizzing Wieringermar yn Noard-Hollân

De Wieringermar is in polder en gemeente yn de 'harsens' van de Nederlandse provinsje Noard-Hollân. De gemeente hat 463 ynwenners en hat oerflak fan 309,37 km² (dêr't 102,70 km² fan wetter is). It eardere eilân Wieringen is gjin part fan de gemeente.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De polder wie om 1000 hinne noch gewoan land. It is net hielendal wis oft it by it goa Texla hearde, of dat Wiron in apart goa wie. Troch de stoarms fan ûnder oaren de 12e ieu wie it gebiet ûnderstrûpt en part fan de see wurden. De streamgeulen fan it Ulkedjip en Amsteldjip rûnen troch it gebiet. Sy waarden yn 1924 ôfsletten mei in dyk dy't it eilân Wieringen mei it fêstelân ferbûn. De oanlis fan de Wieringermarpolder waard yn 1927 mei úteinset , middels in elektrysk gemaal by Medemblik, de start fan de bou-oanlis wie febrewaris 1928. Besuden Den Oever op Wieringen is it gemaal Leemans boud, in dieselgemaal mei twa pompen mei in debyt fan 250 km³ de minút. Gemaal Lely hat trije pompen fan 400 kubike meter it stik. Op 10 febrewaris 1930 waarden de pompen yn gebrûk naam om 6 miljoen km³ wetter útdyks te krijen.

Neffens it oarspronklike plan soe de polder earst oanlein wurde at de Ofslútdyk klear wie, mar omdat Nederân grut ferlet fan lânbougrûn hie waard der mear faasje efter set. De dyk moast no yn de Sudersee oanlein wurde en moast ek swierder wurde. De polder wie feitlik gjin Iselmarpolder, mar in Suderseepolder (de saneamde Noardwestpolder). Op 21 augustus 1930 foel de polder droech. Fan 1934 ôf waard it nije lân yn kultuer naam. De útjefte fan lân barde hjir foar it earst fia de oerheid. Dy woe swierrichheden sa as yn de earste jierren nei it droechlizzen fan de Haarlimmermarpolder foarkomme (fral partikulier inysjatyf, mei earmoede en it útbrekken fan malaria). De kavelgrutte foar de nije boeren waard fêststeld toch de machtige Wieringermardireksje op 20 hektare en útjûn troch in pachtsysteem. Sa waard itselde jier ek lân fûn foar it ''Joadske Wurkdoarp'', dêr't de heit fan Judith Herzberg direkteur waard. De doarpen waarden lykas de buorkerijen planekonomysk oanlein. Earst waarden de lytse plakken boud, dy't net al te grut wurde mochten, omdat yn grutte doarpen de arbeiders te folle macht krije soene kinne en sa ta "broeinesten van terroristische activiteiten" wurde koene.

Plak dêr't de dyk opblaasd waard

Sûnt 1 july 1941 is Wieringermar in selstannige gemeente. Op 15 augustus 1941 waard G.G. Loggers boargemaster.

Ein Twadde Wrâldkriich waard de polder troch de Dútsers ûnder wetter set om alliearde loftlânings foar te kommen. Op 17 april 1945 waard de dyk op twa plakken opblaasd troch de Dútsers. De polder strûpte yn twa dagen ûnder. Alle gewaaks en hast alle bebouwing gie ferlern. Nei de kriich waarden de gatten tichtmakke en op 11 desimber 1945 wie de polder wer droech.

Yn 1956 waard de kearn Kreileroard oanlein.

De gemeente sil neffens plan op 1 jannewaris 2012 fusearje mei de gemeenten Anna Paulowna, Niedorp en Wieringen en dêrnei de gemeente 'Hollands Kroon' foarmje.


Plakken yn de gemeente[bewurkje seksje | edit source]

It gemeentehûs yn Wieringerwerf (1955 Berghoef & Klarenbeek).

Doarpen:

Ekonomy[bewurkje seksje | edit source]

Wieringermar hat meast ikkerbou (ierdappelen, nôt, en sûkerbiten), túnbou, en feehâlderij. Fierder is dêr ek wat lichte yndustry.

Polityk[bewurkje seksje | edit source]

Gemeenteried[bewurkje seksje | edit source]

De gemeenteried fan Wieringermar hat 15 sitten. Hjirûnder de gearstalling sûnt 1994:

Riedssitten
Partij 1994 1998 2002 2006 2010
CDA 5 5 4 4 3
VVD 3 3 4 2 3
PvdA 2 3 2 3 2
Gemeente Belangen Wieringenmar 3 3 2 2 2
Progressyf Wieringenmar 2 1 2 2 2
KristenUny - - 1 1 1
Unôfhinklik Wieringenmar - - - 1 2
Totaal 15 15 15 15 15

Kolleezje fan B&W[bewurkje seksje | edit source]

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Wieringermar bestiet út:

  • Boargemaster: P.F. Leegwater
  • Wethâlders:
    • C. List (VVD)
    • IJ.T. Galama (PvdA)
    • A.Wiersma (Unôfhinklik Wieringermar)
  • Gemeentesekretaris J.G. de Jager

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]