Stroe (Wieringen)

Ut Wikipedy
Stroe
Heidenske kapel, Stroe
Heidenske kapel, Stroe
Polityk
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Hollâns Kroan
Sifers
Ynwennertal 95 (1 jannewaris 2022)[1]
Oar
Postkoade 1777
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 55 'NB, 4° 58 'EL
Kaart
Stroe (Noard-Hollân)
Stroe

Stroe is in doarp yn 'e gemeente Wieringen yn 'e provinsje Noard-Hollân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stroe leit noardeastlik fan Hippolytushoef. Oannommen wurdt dat Stroe ien fan 'e âldste doarpen fan Wieringen is. Yn 'e 10e iuw komt it plak as Strude al foar yn 'e Kodeks Eberhardi fan 'e abdij Fulda. Dêryn wurdt skreaun dat der 72 pleatsen wienen, itjinge foar dy tiid in hiel soad wie. Ut de "Rekkens fan 'e Greeflikheid Hollân ûnder it Henegouske Hûs" út 1343 falt op te meitsjen dat Stroe doe in frijwat grut doarp wie.

Nei de byldestoarm sakke it tal ynwenners fan Stroe stadichoan. Yn 1840 wennen der (mei Noard-Stroe der by) ûngefear 175 ynwenners. Yn 1998 wie dat sakke nei 149 ynwenners, mar troch wat nijbou fan huzen groeide it tal ynwenners dêrnei wer wat.

Stroe hie oant de 20e iuw gjin dyk, tsjintwurdich leit it buorskip Noard-Stroe op en oan 'e dyk. Noard-Stroe wurdt formeel ek rekkene ta Stroe.

Tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Heidenske Kapel.

Stroe hie eartiids in eigen tsjerke. Nei alle gedachten stie der al yn 'e 9e iuw in tsjerke, wat frij betiid is foar de regio dêr't Stroe yn leit. Dy tsjerke waard de 'Heidenske Kapel' neamd en wie wijd oan Willibrord. Pieter van Cuyck wol yn ien fan syn brieven fan 1789 ha dat de kapel oan 'e Hillige Antonius wijd wie. De gevelstien boppe de doar mei de baarch dêrop soe dêr op wize. Oare skriuwers ornearren dat de baarch der foar soargje moast dat de tsjerke gjin joadske besikers krige. Oan 'e ein fan 'e 19e iuw waard de tsjerke fanwegen brekfalligens sloopt. It tsjerkhôf fan 'e tsjerke bestiet noch wol en wurdt ek noch brûkt.

Yn it ferline is de tsjerke in pear kear ferboud. Op it âlde stee fan dy tsjerke en yn 'e greiden der omhinne is in soad groeven troch skatgravers, dy't sochten nei in gouden bingel. Neffens oerlevering wie der yn 'e midsiuwen nammentlik in regionaal sintrum fan 'e wite muontsen. Dat soe betsjutte dat der ek in kleaster yn Stroe west hawwe moat. By de byldestoarm yn 'e 16e iuw soenen de muontsen noch foar't hja Stroe ferlieten de gouden bingel út de toersklok helle hawwe en earne begroeven hawwe. In gouden bingel is nea fûn, likemin dat der bewiis foar it bestean fan in kleaster fûn is.

Ticht tsjin it tsjerkhôf stie eartiids yn in pleats noch de skûltsjerke fan de minnisten. Stroe hat fanâlds in grutte doperske mienskip. De tsjerke waard lykwols yn 1934 troch brân ferwoaste en is net wer opboud. Sûnt 2016 stiet op it plak fan de yn 'e 19e iuw ôfbrutsen tsjerke in nagelnije kapel yn romaanske styl.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wieringer pleats.

Oan 'e westlike kant fan it doarp leit it pleatsmuseum Jan Lont. It sit yn in tradisjonele Wieringer pleats en fertelt oer it deistige libben op Wieringen foar de oanlis fan 'e Ofslútdyk yn 'e jierren 1920. Dy pleats is de âldste pleats fan Wieringen.

De Heidenske Kapel is in kapel dy't in yn 'e 19e iuw ôfbrutsen tsjerkegebou ferfangt. De kapel waard yn 2016 boud nei't partikulieren yn 2014 in stifting foar dat doel oprjochten. De kapel is in ienfâldich gebou neffens romaanske styl en foarmet it ûnderdiel fan it kuierpaad 'In de voetsporen van Willibrord'.[2]

Yn en om Stroe steane autentike Wieringer pleatsen, mei faak noch harren oarspronklike agraryske bestimming. De lêste jierren wurde mear en mear fan dy pleatsen omboud ta lúks wenhûs. Op 'e grins mei Noard-Stroe leit in grutte kemping.

Museum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: