De Haukes

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
LocatieWieringen.png
Lizzing fan De Haukes

De Haukes is in buorskip yn de gemeente Wieringen yn de provinsje Noard-Hollân.

De Haukes leit yn it súdwesten fan Wieringen. De plaknamme is ôflaat fan de beneaming foar mienskiplkie grûn of it is in ferwizing nei leech lizzend sompich lân. De Haukes foarmet in ienheid mei it doarp Westerlân. Yn 1840 wennen der mar 20 ynwenners yn it plak, yn 1998 hie it 168 ynwenners. De Haukes hie troch syn lizzing de haven fan Wieringen. Undanks de haven groeide De Haukes troch de ieuwen hinne net út ta in doarp. It der fuort neist lizzende Westerlân die dat al en hat ek in eigen tsjerke.

No leit de haven fan De Haukes oan de Amstelmar. Yn it begjin fan de 20e ieu, doe't de Amstelmar noch net bestie, wie De Haukes in oanlisplak foar de fearboat, dy't it stoomspoar (stoomtram) Schagen - Wieringen kompleet makke. Dizze ferdwwûn úteinlik. Ek wie der doe noch in postboat, mar mei de komst fan de Ofslútdyk en de wee dêrhinne ferdwûn it nut fan de boat. Tsjintwurdich herinnert allinnich it biljertkafee De Postboat noch oan de boat. De havenfunksje bestiet no benammen út wettersporters ebn rekreanten.

De Haukes is it ienige plak op Wieringen dêr't noch in typearjende âlde wierskuorre te sjen is. It is in grutte houten skuorre mei swart tarre planken. Yn dit soarte skuorren waard wier (eigentlik seegers) yn balen opslein. Faak waarden yn de wierskuorren de balen ek parse. In orizjinele wierskuorre is fersetten nei it Suderseemuseum yn Inkhuzen. Ek steane yn De Haukes eineboeten, dêryn waarden einen hâlden en de aaien waarden ferkocht oan de grutte koekfabriken. Tsjintwurdich stean se leech of se hawwe in oare bestimming krigen.