Wieringsk

Ut Wikipedy
Wieringsk
algemien
eigen namme Wirrings
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers 600 (2011, skatting)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Súdwestgermaansk
        ● Nederfr.-Nedersaks.
          ● Nederfrankysk
            ● Nederlânsk
              ● Hollânsk
                ● Westfrysk
                  ● Eilânwestfrysk
                    ● Wieringsk
dialekten gjint

It Wieringsk (Wieringsk: Wirrings) is it Hollânske dialekt dat fan âlds sprutsen wurdt op Wieringen, it eardere eilân oan 'e Hollânske útein fan 'e Ofslútdyk, dat ta de provinsje Noard-Hollân heart. It is nau besibbe oan it Tekselsk en it Inkhústersk, en teffens oan it útstoarne Flylânsk. It foarmet mei dy trije dialekten de Eilânwestfryske dialektgroep binnen de gruttere kloft fan 'e Westfryske dialekten, dy't wer ûnderdiel útmeitsje fan it Hollânsk.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wieringen is fan oarsprong in Westfrysk eilân, wêrfan't de befolking oant yn 'e Midsiuwen Frysktalich wie. Nei't it om 1300 hinne ûnder Hollânsk bewâld kaam, rekke it wierskynlik yn 'e fjirtjinde of iere fyftjinde iuw ûntfryske. Yn elts gefal waard tsjin 1600 op it eardere eilân it tsjintwurdige Hollânske dialekt sprutsen. Yn 1950 is it Wieringsk yngeand beskreaun troch de yn akademyske fermiddens ferneamde taalkundige Jo Daan, yn har boek Wieringer Land en Leven in de Taal.

De lokaasje fan it Wieringsk binnen it Westfryske dialektgebiet.

Hjoeddeistige taalsitewaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjintwurdich rekket it mei it Wieringsk hieltyd fierder yn it neigean, mei't it sûnt de jierren sechstich troch de sprekkers noch mar sporadysk oan 'e bern trochjûn wurdt. Dochs kin men it op Wieringen ûnder de âldere generaasjes noch wol geregeld hearre. De jongere generaasjes prate lykwols noch mar amperoan it echte dialekt; as se net alhielendal Nederlânsktalich binne, hat harren taalgebrûk eins mear wei in regionaal kleure Nederlânsk mei wat ôfwikende klanken (meast uu [y] ynstee fan ui [ʌi̭] en ie [i] ynstee fan ij [ɛ.i̭]). Der liket ek in ferskowing geande te wêzen fan 'e uu nei de ui en de ie nei ai of oi, sa't de ij yn it Lânwestfrysk reälisearre wurdt. De tebekgong fan it Wieringsk wurdt mei feroarsake troch de relatyf grutte groep ynwenners fan Wieringen dy't "fan bûten" komt. Sa hat him yn Hippolytushoef in grutte kloft (âld-)mariniers nei wenjen set, fanwegen de neite fan 'e marinebasis Den Helder.

Taaleigenskippen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't it Wieringsk dúdlik in Hollânsk dialekt is, binne de spoaren fan it Fryske substraat der noch rûnom yn werom te finen. Ien punt dêr't it Wieringsk ôfwykt fan 'e naust besibbe taalfoarmen, is troch it behâld fan 'e ferlytsingsfoarm -ke. Dat efterheaksel komt nammentlik yn 'e oare Westfryske dialekten net of inkeld yn beskate wurden foar, lykas yn it Tekselske meike ("famke"). It Wieringsk hat lykwols in hiele kategory wurden dy't ferlytse wurde troch -ke derefter te heakjen, lykas skoelke ("skoaltsje"), hauke ("puoltsje", ek yn 'e topografyske namme De Haukes) en huuske ("húske", yn 'e sin fan "lyts hûs"). Ek dûkt dizze foarm op yn it begryp sammelkes, de namme fan in folkje fan ierdmantsjes op Wieringen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Berns, Jan, en Steusel, Sanne, Noord-Hollands, De Haach, 2004 (Sdu Uitgevers), ISBN 978-9 01 20 97 161.
  • Daan, Jo, Wieringer Land en Leven in de Taal, Alfen oan de Ryn, 1950 (N. Samsom N.V.), sûnder ISBN.