Leauwe

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Leauwe is de oertsjûging fan ien dêr't gjin bewiis foar is. It falt wittenskiplik besjoen net te bewizen. Meastentiids wurdt leauwe yn ferbân brocht mei godstsjinst mar dat hoecht net, want leauwen kin oeral op slaan. Sa gau't minsken gjin bewiis hawwe is der sprake fan leauwen. Leauwen as oertsjûging kin ta fanatisme liede as guon leauwenden net it tsjinoerstelde yn oerweging nimme wolle en stiifkoppich fan harren gelyk útgeane. As dat bart troch minsken mei in protte macht dan kin dat ten koste gean fan de frijheid fan oarstinkenden. Religy of godstsjinst is de uterlike werkenberheid fan leauwensutering.