Wûnseradiel

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Gemeente Wûnseradiel
Flagge fan de gemeente Wûnseradiel        Wapen fan de gemeente Wûnseradiel
(Flagge fan Wûnseradiel) (Wapen fan Wûnseradiel)
Lokaasje fan de gemeente Wûnseradiel
Provinsje Fryslân
Boargemaster T.R. Piersma
Haadplak Wytmarsum
Oerflak
- wetter
320,61 km²
-  162,42 km²
Ynwenners 11.939
Ferkearsieren A7, N31, N359
Netnûmer 0515, 0517
Postkoades 8741 - 8823
Offisjeel webstee www.wunseradiel.nl

Wûnseradiel (offisjeel Frysk) is in eardere gemeente yn it westen fan Fryslân, mei 11.939 ynwenners (1 jannewaris 2004); en mei in gebiet fan 320,61 km2. Dêrfan is 162,42 km2 wetter. Wûnseradiel hat 27,4 km kust. Op 1 jannewaris 2011 is Nijefurd fúsearre mei de gemeentes Boalsert, Wymbritseradiel, Nijefurd en Snits ta de nije gemeente Súdwest Fryslân.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Wûnseradiel is ûntstien út Wildinge, ien fan de lannen fan Westergoa. It hjit nei Wûns, nei alle gedachten om't it it rjochtsgebiet fan de Wûnzer werstâl wie. Yn de rin fan de tiid is de stêd Boalsert fan dit gebiet ôfskieden. Letter is noch mear gebiet by Boalsert foege.

Dit gebiet is al sûnt de terpentiid bewenne; der hawwe grûnfyndsten wêst fan sûnt de lêste ieuen foar Kristus. Earst wie dit terpbewenning, mar yn de 10e ieu waard begûn mei de oanlis fan diken, lykas de Penjumer halsbân. Stadichoan waarden de slinken fan de Marne ôfsletten, en foarme him it hjoeddeiske gebiet. Op de ein fan de 19e ieu binne noch de trije grutte marren yn de gemeente ynpoldere: de Makkumer Mar, de Parregeaster Mar en de Warkumer Mar. Yn 1970 waard der in marrenplan foar dizze marren presintearre, mar dat is net trochgongen. Fan de dyk tusken Koarnwert en Surch is yn 1928 it earste stik fan de Ofslútdyk oanlein; by de oanlis fan de dyk ûntstienen ek de doarpen Breesândyk en Koarnwertersân.

Plakken[bewurkje seksje | edit source]

It haadplak is Wytmarsum en de oare plakken yn de gemeente binne: Allingawier, Arum, Breesândyk, Burchwert, Dedzjum, Eksmoarre, Ferwâlde, Gaast, Hartwert, Hichtum, Hieslum, Kimswert, Koarnwert, Koarnwertersân, Lollum, Longerhou, Makkum, Parregea, Penjum, Piaam, Skettens, Skraard, Skuzum, Surch, Tsjerkwert en Wûns.

Gebiet[bewurkje seksje | edit source]

Wûnseradiel leit tusken yn it noarden Harns en Frjentsjerteradiel, yn it easten Littenseradiel, Boalsert en Wymbritseradiel, yn it suden Nijefurd, en yn it westen Noard-Hollân. It westlik part fan dit gebiet is it part fan de Ofslútdyk dat yn Fryslân leit en in stik fan it Iselmar súd dêrfan. Oer de Ofslútdyk, en troch it noardlik part fan de gemeente rint de A7. Súdliker ferbynt it Van Panhuyskanaal Makkum, oan de Iselmarkust, mei de Warkumer Trekfeart dy't troch it súdeasten fan de gemeente rint.

Befolkingsûntwikkeling[bewurkje seksje | edit source]

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Eksterne ferwizing[bewurkje seksje | edit source]