Dûmny
Ut Wikipedy
In dûmny of predikant is immen dy't de tsjinsten liedt yn de Protestantske Tsjerke. It wurd komt fan it Latynske domine dat hear betsjut. De dûmny is trochgeans foarsitter fan de tsjerkeried.
Fan âlds wie de dûmny de spil fan eltse pleatslike tsjerke en der waard heech tsjin it amt opsjoen. Letter binne yn de measte tsjerkemienskippen de ferhâlding wizige, mar somtiids wurdt de dûmny noch hieltyd sjoen as de 'primus' (earste) en net as de 'primus inter pares' (earste ûnder gelikensen).
Yn de Roomsk-Katolike Tsjerke giet de pastoar foar yn de mis en hâldt de preek.
|
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |