Dongeradiel

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Gemeente Dongeradiel
Flagge fan de gemeente Dongeradiel        Wapen fan de gemeente Dongeradiel
(Flagge fan Dongeradiel) (Wapen fan Dongeradiel)
Lokaasje fan de gemeente Dongeradiel
Provinsje Fryslân
Boargemaster M.C.M. Waanders
Haadplak Dokkum
Oerflak
- wetter
265,82 km²
-  98,58 km²
Ynwenners 25.008
Ferkearsieren N356, N358, N361
Netnûmer 0519
Postkoades 9101 - 9156
Offisjeel webstee www.dongeradeel.nl

Dongeradiel (Dongeradeel) is in gemeente yn it noardeasten fan Fryslân, mei 25.008 ynwenners; en mei in gebiet fan 265,82 km². Dêrfan is 98,58 km² wetter.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

It gebiet fan Dongeradiel wie al bewenne om it begjin fan de jiertelling hinne. Dongeradiel wie part fan Eastergoa, en nei't dat om 1250 hinne split waard wie it in part fan de Noardlike njoggen. Wylst Dongeradiel selstanniger waard, waard Dokkum in sêlsstannige stêd, en kaam der in ûnderskied tusken it Dongeradiel by de eastside fan de Peazens, en it Dongeradiel by de westside fan de Peazens. Tsjin 1500 wienen dy twa siden ta de aparte grietenijen East-Dongeradiel en West-Dongeradiel wurden.

Yn 1984 is yn de gemeentlike weryndieling út de gemeenten East-Dongeradiel, West-Dongeradiel en Dokkum, wer de nije gemeente Dongeradiel foarme.

Plakken[bewurkje seksje | edit source]

It haadplak is Dokkum en de oare plakken yn de gemeente binne: Boarnwert, Brantgum, Ealsum, Eanjum, Easternijtsjerk, Eastrum, Foudgum, Hantum, Hantumerútbuorren, Hantumhuzen, Holwert, Ie, Ingwierrum, Jouswier, De Lytse Jouwer, Ljussens, Mitselwier, Moarre, Moddergat, Nes, Nijewier, Peazens, Raard, Ternaard, Waaksens, Wetsens en Wierum

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Eksterne ferwizing[bewurkje seksje | edit source]

Webstee fan de gemeente

 
Fryslân
Flagge fan de provinsje Fryslân
Achtkarspelen - It Amelân - It Bilt - Dantumadiel - Dongeradiel - Eaststellingwerf - Ferwerderadiel - Flylân - Frjentsjerteradiel - De Fryske Marren - Harns - It Hearrenfean - Kollumerlân Littenseradiel - Ljouwert (haadstêd) - Ljouwerteradiel - Menameradiel - Opsterlân - Skiermûntseach - Skylge - Smellingerlân - Súdwest-Fryslân - Tytsjerksteradiel - Weststellingwerf