Hantumhuzen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Hantumhuzen
Flagge fan Hantumhuzen Wapen fan Hantumhuzen
Flagge Wapen
Lokaasje fan Hantumhuzen
Gemeente Dongeradiel
Ynwennertal (2004) 250
Webstee Webstee (Hantum, Hantumerútbuorren en De Lytse Jouwer
Hantumhuzen

Hantumhuzen, is in doarp yn de gemeente Dongeradiel, noard fan Dokkum.

Lykas de namme al seit binne dit huzen, in buert, by Hantum. It doarp is yn de Midsieuwen ûntstien op in hege terp. Fan de terp is nei de ôfgraving yn 1891 net folle oerbleaun. Op it iepen terrein is der doe nijbou delsetten.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Hantumershoeke

By de ôfslach fan de Fennewei en de Bangawei is it buertsje Hantumershoeke ûntstien. Dêr steane de streekskoalle en Grifformearde Tsjerke.

[bewurkje seksje] De Herfoarme Tsjerke

In âlde foto fan de tsjerke
De Sint Anna tsjerke yn 2008

De foarse toer moat om 1200 hinne kommen wêze. Der hinget in klok yn út 1616. Yn de earste helte ???? is de, nei alle gedachten, oan Sint Anne wijde tsjerke boud. It is ien fan de moaiste foarbylden fan de romanogotyske tsjerkebou wurden. De tsjerke wie ien fan de earste bakstiennen tsjerken yn Fryslân. Yn de tsjerke binne fierder skildere ferwulfribben oanfold mei siermitselwurk.

Yn de tsjerke is in rokokopreekstoel en in epitaaf foar Pibo Eminga en syn frou Biueck Sioerda (1563). Yn de tsjerke binne ferwulften beskildere mei blommotiven. Opmerklik is fierder de kânsel en in grêfstien dy’t in oantinken is oan Amko Jaarla.

It koar is der yn de 18e ieu oan tafoege. By de restauraasje fan 1939 oant 1942, ûnder lieding fan arsjitekt A. Baart sr., is it koar opnij oplutsen út kleastermoppen en binne de 19e ieuske finsters ferfongen yn 13e ieuske styl, yn harmony mei it skip fan de tsjerke. De tsjerke is yn behear by de Stifting Alde Fryske Tsjerken.

[bewurkje seksje] States

Fan Hantumhuzen binne fiif staten bekend. Poptastate is as in let-18e ieuske kop-hals-romppleats oerblean binnen de âlde grêft. In part fan de âlde stinsmuorre (105 cm dik) is noch werom te finen tusken de hals en de kop. Poptastate soe it stamhûs fan de Popta's yn Marsum west hawwe (Poptagasthûs), mar genealogyske bewiis is dêrfoar net fûn. Westlik oan de râne fan it doarp lei Banga State, no in pleats; súdlik fan de tsjerke, no ek in pleats, lei Heringa State; noardlik fan de tsjerke Peyma State en Rintjema State.

[bewurkje seksje] Mienskip

Eartiids foarmen de ynwenners in hecht doarp mei eigen fersjennings. De winkelju en de ambachtsminsken binne lykwols opholden, sa't men wer oanwiisd wie op it memmedoarp Hantum. De lêste winkel dêr is lykwols ek al wer in skoft sletten.
Aktiviteiten:

  • 30 april: Merk (blommeferkeap en bernemerk);
  • ringriderij: op de lêste sneon fan juny;
  • Jierliks wanneltrijedeiske en Tipeljen;
  • Hardersoptocht, 24 desimber (op 'e siik nei de kryststâl).
  • Doarpsfeest: Elts ûneven jier
  • Mienskiplik Doarpsfeest mei Hantumerútbuorren, Hantum en De Lytse Jouwer mei fersierde weinen: Elts even jier.

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Ferskaat

Hantumhuzen wie it berteplak fan Dr. J.J. Kalma.

[bewurkje seksje] Strjitten

't Smidsplein, Balstienwei, Bangawei, Dokkumerwei, Fennewei, It Paadsje, Kamphuisstrjitte, Loubuert, Master Galstrjitte, Portmawei, Wierumerwei.

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Internet-web-browser.svg 53° 22' NB, 5° 60' EL

Persoanlike ynstellings
Nammeromten
Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen