Krabbuorren

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Komboerd fan Mûntsjesyl ôf
Krabbuorren
It buorskip
Krabbuorren by't winter, 2010

Krabbuorren is in buorskip yn de gemeente Kollumerlân. Krabbuorren leit noardeastlik fan Munnekesyl oan de Olde Borchwei, noardeastlik fan de buorskip De Kolk. De buorskip komt sûnt de jierren 1960 op de kaarten foar.[1]

De buorskip bestiet út in rige huzen oan de súdside fan de eardere seedyk om it midsieuske Lauwerssee-eilân 't Oech. De oarsprong fan de namme Krabbuorren is net bekend.

[bewurkje seksje] Omkriten

Benoarden Krabbuorren leit de polder Nijkrúslân. Eastlik fan de buorskip stiet de pleats Olde Borch, sudlik de pleats Muncke Borch en benoarden de pleats Nittershoek. De lêste namme ferwiids nei de Nittershoeke of Groote Hoek, dêr't de seedyk yn it ferline in hoeke makke, foardat yn 1877 de dyk tusken Nittershoeke en Sâltkamp klear kaam; de bediking fan de Polder Wieringa (Fr.) en Nije Rûgesânsterpolder (Gr.). De Nittershoeke is sûnt de namme fan de buorskip benoarden Krabbuorren. Eastlik fan de buorskip stie op de Olde Dyk in loftwachttoer en eastlik leit de Krommekolk, een kolk dy't ûntstie nei in dyktrochbraak, faaks by de Alderheljenfloed fan 1570, mar in oare wetterneed kin it ek dien hawwe. In oare kolk mear eastlik by de mûne Rust Roest, waard ein 19e- begjin 20e ieu foar in part tichtsmiten. Beide kolken komme foar op in kaart út 1689.

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De topografyske kaart fan 1961 ferwikseld Krab(be)buren en De Kolk by fersin.
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen