Jislum
Jislum is in terpdoarp yn de gemeente Ferwerderadiel. Jislum hat 52 (02-06-2008) ynwenners. It wurdt bytiden ta de Flieterpen rekkene. Der is in mienskiplike feriening foar doarpsbelang mei Burdaard.
Ynhâld |
Ferbinings[bewurkje seksje]
Jislum leit oan de Hikkaarderdyk, dy't nei it noarden nei Ginnum rint, en nei it suden by Grut en Lyts Hikkaard lâns nei Burdaard. Jislum hie in opfeart fan de Alde Feart, en dêrmei in ferbining mei de Dokkumer Ie, mar fan dy opfeart is mar in lyts part oer.
Tsjerke[bewurkje seksje]
Op de terp stie oant yn de 19e ieu in fan oarsprong Romaanske tsjerke. Dizze tsjerke waard betsjinne troch it kleaster Mariëngaarde by Hallum. Nei de Reformaasje waard Jislum mei Wânswert kombinearre. De tsjerke is yn 1886 ferfongen troch in nije tsjerke. Yn de toer hingje twa klokken, út 1445 en 1636. It oerwurk is út 1609.
De tsjerke is letter eigendom wurden fan de Stifting Harstastate, en wurdt hjoed de dei net mear brûkt as godshûs. De Stifting Harstrastate wist eins net in goede bestimming foar de tsjerke te finen, wat it doarp min nei de kop wie. De tsjerke jildt as monumint, mar allinnich fanwege de parten dy't út de âlde tsjerke oernaam binne: de preekstoel, de klokken en it oerwurk. Dat binne dan ek de ienige parten dêr't subsydzje foar beskiber is foar it behâld. Yn 2000 gienen der geroften dat de tsjerke sloopt wurde soe. Doe hawwe de Jislumers de Stifting Behâld Jislumer Tsjerke oprjochte. Dizze nije stichting hat kâns sjoen om yn 2004 foar in part it jild foar de restauraasje byinoar te swyljen. Om de Krystdagen fan 2004 hinne is de tsjerke wer iepensteld.
De tsjerke hat doe ek wer de âlde namme fan 'Sint Katarinatsjerke' werom krige. Op de wynwizer binne de symboalen fan de hillige, it rêd en it swurd, oanbrocht. Der wurdt noch socht nei in passende bestimming.
Mûne[bewurkje seksje]
By Grut Hikkaard stiet de boeremuontsmûne De Volharding, út 1872, dy't ek as ryksmonumint jildt. Dizze grûnsiler út 1872 is eigendom fan Stifting De Fryske Mole
Untwikkeling ynwennertal[bewurkje seksje]
- 2008 - 52
- 2001 - 44
- 1973 - 58
- 1969 - 75
- 1964 - 80
- 1959 - 114
- 1954 - 134
- 1890 - 150 (sirka)
- 1830 - 113
Strjitten[bewurkje seksje]
Hikkaarderdyk.