Brantgum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Brantgum
Flagge fan Brantgum Wapen fan Brantgum
Flagge Wapen
Lokaasje fan Brantgum
Gemeente Dongeradiel
Ynwennertal (2004) 17
Webstee Webstee fan Brantgum
tsjerke

Brantgum is in doarp yn de gemeente Dongeradiel. Fan âlds hearde Brantgum ta de Holwerter seis. It doarp yn de eardere gemeente West-Dongeradiel hat altyd in libbend doarp west. Der wennen noch al wat ambachtslju. No hat Brantgum sa'n 250 ynwenners. Neffens fynsten moat Brantgum ek sa om it begjin fan de jiertelling ûntstien wêze. Troch de oanlis fan de wei fan Holwert nei Dokkum is it doarp yn twa parten ferdield.
Mei de namme kin je twa kanten út. De ienfâldichste is: hiem fan Brant. Oaren tinke dat de namme ôflaat is fan in famyljenamme. Dat soe dan Brantinga of Brandinga wêze kinne.

Brantgum wurdt yn 1450 neamd yn de trou-akte fan Aede Keijmpes Jongema Teytsma en Harka Eijsingha. Hjirby bringt in Liwa Homma 's soan 12 âlde skylden "rente uit Brantgum' yn. Yn 1491 wie it doarp belutsen by in bûn dat de stêd Grins sleat mei in grut oantal kleasters en haadlingen yn Eastergoa ûnder lieding fan abt Johannes fan Dokkum en Menne Jaerla út Wetsens. Yn 1539 wie Brantgum belutsen by in proses tsjin it kleaster Klaarkamp oer it ûnderhâld fan de hege brêge oer de Ie. It gie dêrby om in bedrach fan 250 goudgûnen en Aebe Sjucksma út Waaksens wie ien fan de riedslieden fan de easkers.

Yn 1700 wienen hast alle Brantgumer boeren pachters. Eigeners wienen bûten it doarp wenjende aadlike grutgrûnbesitters lykas Aylva, Harinxma en Camstra. Allinnich Rinse Jans en de bruorren Jacob en Lieuwe Lieuwes wienen sels eigener fan harren pleats. Sy wienen besitter fan it grutte Monsmasate en dat soe de fierdere tiid sa bliuwe. Nei de Frânse tiid feroare de tastân finaal. De rol fan de adel foar wat grûnbesit oanbelanget sa goed as útspile. Yn 1818 hienen noch mar fjouwer pleatsen in aadlike eigener. Nije nammen as Memerda, Terpstra en Hannema dûkten op. It doarp telde tusken 1750 - 1800 gemiddeld in lytse 40 wenningen.

Ynhâld

[bewurkje seksje] De tsjerke

De tsjerke wie wijd oan St. Catharina. It tsjerke sil yn de 12e ieu boud wêze. By de restauraasje yn 1973 binne der spoaren fan dowestien fûn. It oansjen fan de tsjerke sa as dy der no stiet is ûntstien nei in eardere restauraasje yn 1876/77.
Doe is ek de toer boud.

[bewurkje seksje] De states

Brantgum, sa as Ids Wiersma dat beseach

Brantgum hat ferskate staten hân. De staten mei de nammen fan Amminga, Teytsma en Jaringa binne ferdwûn.
Om 1700 hinne wienen alle boeren op ien nei hierboer. De Harinxma's en de van Aylva's hienen it doe foar it sizzen.

[bewurkje seksje] De skoalle

Brantgum hie al frij gau in skoalle. Ien fan de prysters wie ek skoalmaster. Hy hie foar it ûnderhâld fan de skoalle lân. Dit skoallân hat, ûnder behear fan de tsjerkfâden, oan yn de 19de ieu bestien. Nei 1580 bleauwen de skoalmasters. Wat opfalt is dat de skoalmasters hiel lang net by de offisjele tsjerke hearden. Yn 1889 boude de gemeente in nije skoalle en de bân tusken tsjerke en skoalle waard ferbrutsen. In skoft ferlyn hat Brantgum in nije skoalle krige. Ids Pjutten is it pjutteboartersplak fan it doarp.

[bewurkje seksje] De bibleteek

Yn 1867 stifte ds. Rinse Posthumus (sjoch ek Waaksens) in bibleteek. De kosten wienen, om't der gjin Nutsdepartemint wie, foar de tsjerkfâden fan Brantgum en Waaksens. By it 25-jierrich bestean hie de bibleteek 2500 boeken yn 'e útlien.

It byldsje fan Gosse Dam

[bewurkje seksje] Ids Wiersma

Brantgum is ek it berteplak fan Ids Wiersma, dy't hjir 21 juny 1878 berne waard. Yn it doarp waard in strjitte nei Ids Wiersma neamd en der kaam in stânbyldsje fan Gosse Dam. Men is dwaande om in fêst betinkingsplak foar Ids Wiersma yn te rjochtsjen en syn neilitten wurk in goed plak te jaan.

[bewurkje seksje] Doarpswapen

Yn sulver in rjochterskeanbalke, linksboppe mei in leelje en rjochtsûnder in seisspeakich rêd, alles fan keel, de balke beladen mei in pinsiel fan goud met de stâle nei ûnderen ta rjochte. De balke is ôflaat fan it wapen fan Westdongeradiel en ferwiist ek nei de wei dy't it doarp midstwa snijt. It pinsiel is in oantinken oan de pleatslike skilder Ids Wiersma. It rêd is it symboal fan de hillige Catharina, de eardere tsjerkepatroan. De leelje komt út it wapen fan de famylje Rinnerda.

[bewurkje seksje] Mienskip

Oan de Roasterwei stiet mienskipshûs De Terpring. Sûnt Simmer 2000 wurde der geregeld iepenlofspullen opfierd: De Trochgong fan Jierren ( 2000 ), It Relikwy fan de Mieden ( 2004) en Swart mar Leaflik ( 2007 ). Foar de bern is der alle jierren in Tintekamp.

[bewurkje seksje] Iepenloftspullen

Sûnt Simmer 2000 wurde der faker iepenloftspullen hâlden. Yn 2007 wûn de ploech twa Gouden Gurbes, ien foar de bêste oanklaaiing en foar de Publykspriis.

  • 2011 - Cupido (Baukje fan Hijum)
  • 2007 - Swart mar leaflik, (Baukje fan Hijum)
  • 2004 - Relikwy fan de mieden (S.Joostema)
  • 2000 - De Trochgong fan Jierren (Baukje fan Hijum)

[bewurkje seksje] Ynwenners

[bewurkje seksje] Ferienings

  • Feriening Doarpsbelangen Brantgum Foudgum Waaksens
  • Biljertferiening
  • Alles oan de hang - keatsen
  • Frouljusferiening

[bewurkje seksje] Strjitten

De Jister, Dokkumerwei, Fjildbuert, Fjildbuertsterwei, Ids Wiersmastrjitte, Lytse Buert, Koopmanswei, Miedwei, Ringwei, Roasterwei, Stimhûsstrjitte, Strjitwei.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen