Simmer 2000

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Simmer 2000 wie in grut opset projekt dêr't emigrearre Friezen by útnoege waarden wer del te kommen yn de simmer fan it jier 2000.

Friezen om utens [bewurkje seksje]

Mei tal fan aktiviteiten yn allegear plakken oeral yn Fryslân en tûzenen Friezen om utens dy't yndie wer ris weromkamen nei harren âlde thúslân Fryslân wie it projekt in grut súkses.

Muzyk [bewurkje seksje]

Part fan it projekt wienen ek ferskate foarstellings mei in protte muzyk. Meinammen it liet It paad werom fan Piter Wilkens, dat wat de titel oangie presys pas wie, waard in grut súkses. Ek waard foar it projekt apart in Simmer 2000 liet skreaun troch Baukje Wytsma en Anne Oosterhaven.

Keppeling om utens [bewurkje seksje]