Ljussens

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ljussens
Flagge fan Ljussens Wapen fan Ljussens
Flagge Wapen
Lokaasje fan Ljussens
Gemeente Dongeradiel
Ynwennertal (2004) 400
Webstee []
Herfoarme tsjerke
Himrik Ljussens mei Gerroltsma
De gereformearde tsjerke
It kantoar fan it molkfabryk

Ljussens is in doarp yn de gemeente Dongeradiel mei sa'n 400 ynwenners. De namme Ljussens kin ferklearre wurdt as it hiem fan Lioed of Liud.

Opfallend is dat de terp fan Ljussens eastlik fan de tsjerke leit. De kaart fan Schotanus lit sjen dat er begjin 18e ieu al net mear beboud wie. Deselde Schotanus skriuwt ein 17e ieu ek: "plag de mond van de Paesens eertijds zo wijd en diep te zijn, dat men met carvielen en de andere grote schepen tot Lioessens kon invaren".

Ljussens wurdt neamd yn in brief fan de Utertske biskop David út 1480. Hy jout dêryn Hear en Master Botto, pastoar fan Eanjum en Johan, pastoar fan Ljussens, it foech om in útspraak oer in skeel te dwaan. Neffens de Tegenwoordige Staat van Friesland út 1786 moat de tsjerke fan Ljussens ûntstien wêze nei dat skeel tusken de hege hearen fan Easternijtsjerk en Ljussens. De Ljussemers besleaten doe om harren los te meitsjen fan it memmedoarp Easternijtsjerk.

De romte tusken Moarre en Ljussens is sa'n 500 meter. It jout in dúdlik ferskil tusken it legere greidelân yn Moarre en it hegere boulân yn Ljussens. It doarp docht in soad tegearre mei Moarre.

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Ljussens diel út fan de gemeente East-Dongeradiel.

Ynhâld

De tsjerke [bewurkje seksje]

Yn de toer sit noch dowestiennen mitselwurk út de 12e ieu. De 13e ieuske tsjerke is noch it bêste te besjen oan de noardkant. Yn de 15e ieu is de tsjerke ferbrede en ferhege yn goatyske foarm. De klok mei ôfbylden fan Sint Petrus en Sint Catherina is fan 1498.

De grifformearde tsjerke [bewurkje seksje]

Sa as dy der no stiet is dy fan 1927. De arsjitekt wie Ane Nauta. De gemeente is stifte yn 1851. It wie dan ek de ienige ôfskieden tsjerke yn East-Dongeradiel. Hoewol't der in protte minsken yn de Dongeradielen wienen dy't sympatyk tsjinoer de Ofskieding stienen, wie harren de stap dochs te grut. It grutte brek is dan ek kommen mei de Doleânsje nei 1886.

States [bewurkje seksje]

Fan Ljussens wurde yn de 15e ieu twa states neamd. Gerroltsma lei op it plak dêr't de Dyksterwei einigt, oan de âld seedyk. Dijkstera lei ek oan dy seedyk, op de grins fan de himrikken fan Eanjum en Ljussens. Op beide plakken stiet Anno 2010 in kop-hals-romppleats.

Yndustrieële monuminten [bewurkje seksje]

Op de grins mei Moarre stiet noch altyd in âlde stasjontsje Moarre/Ljussens fan it spoar tusken Eanjum en Dokkum. It wie fan 24 augustus 1913 oant 15 maaie 1935 in stasjon fan de tredde klasse.

Fuort by it stasjon stiet wat der oerbleaun is fan it yn 1915 stifte en yn 1973 sletten molkfabryk. De Moarrumers en Ljussensers wienen grutsk op harren fabryk. Foaral oan de bou fan de direkteurswent en it kantoar is omtinken jûn.

Mienskip [bewurkje seksje]

Der is ien skoalle: De Griffel. Yn it doarp stiet kafee De Bûnte Bok.

Ferienings [bewurkje seksje]

  • Mei nocht foar't ljocht - toaniel
  • Advendo Moarre/Ljussens- fanfare

Befolking [bewurkje seksje]

Hoek en Waad, loswâl oan de eastkant fan it doarp

Ferskaat [bewurkje seksje]

  • De balke yn it doarpswapen stelt de dyk troch it doarp foar. De klavers komme fan it wapen fan de famylje Gerroltsma. De kaai is it symboal fan de tsjerkepatroan, de Hillige Petrus.
  • De Skotske skriuwster Kate Ashton dy't it boek 'Teatske Alzum har wrâld' skreaun hat hjir en yn Moarre in tiid taholden.
  • Skriuwer Anders Rozendal (*27 augustus 1946) wennet yn Ljussens
  • Mei Ald en Nij 2007/2008 kaam it doarp yn't nijs doe't jongelju aaien en blauwe farve smieten tsjin it hûs fan in ynwenster fan it doarp.

Strjitten [bewurkje seksje]

Alddyk, De Kamp, Doarpsstrjitte, Dyksterwei, Garewei, Grytsjewei, Hoek en Waad, Masterspaad, Moarsterwei, Mûnehiem, Mûnewei, Reinsleat, Siniastrjitte, Tsjerkepaed.

Sjoch ek [bewurkje seksje]

Mear ynformaasje oer Ljussens is ek te finen ûnder Moarre.

Keppeling om utens [bewurkje seksje]