Alles oan de hang

Ut Wikipedy

Alles oan de hang is in útdrukking dy't brûkt wurd as de stân fan in keatspartij op 5 gelyk 6 gelyk stiet. De útdrukking is ûntliend oan de telegraaf dy't by dy stân hielendal fol hinget. De partij wurdt troch it folgjende punt beslist. Om by dizze wichtige stân gjin mâle fratsen te krijen mei keatsers fan oare partijen dy't yn 't paad steane, is it gebrûk dat by 5 gelyk 6 gelyk de spilers fan oare partijen yn itselde fjild it fjild útgeane oant de partij wêrby't Alles oan de hang is, beslikke is.