De Lytse Jouwer

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Lytse Jouwer
Flagge fan De Lytse Jouwer Wapen fan De Lytse Jouwer
Flagge Wapen
Lokaasje fan De Lytse Jouwer
Gemeente Dongeradiel
Ynwennertal (2004) 83
Webstee Webstee ( mei Hantum, Hantumerútbuorren en Hantumhuzen)

De Lytse Jouwer (Ned: Hiaure) is mei syn 83 ynwenners ien fan de lytse doarpkes yn de gemeente Dongeradiel. Under it doarp falt ek noch de buert Lytselea.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Oer it ûntstean fan de namme is men it net iens. Yn it doarpswapen stiet in skeaf hjouwer, dat hjir eartiids ferboud waard. It soe ek wêze kinne dat de namme komt fan in âld Frysk wurd joerd, dat plak betsjut.

Oer it ûntstean fan it doarp sels is net folle bekend. Der binne saken dy't inoar tsjinsprekke. Oan de terp te sjen soene je sizze kinne dat it doarp der sa nei it jier 1000 kommen is. De terp is net heech en dat soe betsjutte kinne dat der doe al in begjin fan diken west hat. Yn dy tiid kaam de see noch geregeldwei oer it lân en wie it hjir in kwelderlânskip. Mei't de see op it iene plak mear slyk oanfierde as op oare plakken ûntstienen ferhegings. De huzen waarden, om droech wenje te kinnen, op dizze hichten yn it lân boud. Op plakken dêr't hichten net fier fan elkoar ôf leinen koe in terp boud wurde troch de leechte dertusken op te foljen. Yn De Lytse Jouwer leinen dizze hichten lykwols te fier útinoar op der in terp fan te meitsjen, wêrtroch pleatsen en huzen in ein fan elkoar ôf kamen te stean. Oan De Lytse Jouwer is noch te sjen hoe't it earste begjin fan de doarpen west hawwe moat.

De ynwenners fan De Lytse Jouwer fiele harren ferbûn mei de ynwenners fan Hantum, Hantumerútbuorren en Hantumhuzen. Dizze fjouwer doarpen wurde ek wol de '4H-doarpen' neamd. It doarp is altyd lyts bleaun mei in fersprate bou. It doarp hat lang wat isolearre lein. De Hantumer Feart lei op in ôfstân. Oan de ein fan de 19e ieu kaam der in dyk, sadat De Lytse Jouwer mei Hantum en Dokkum in ferbining krige.

De Tsjerke[bewurkje seksje | edit source]

Tsjerke
Alde grêfsark De Lytse Jouwer

De tsjerke fan no is fan 1869, in ferfanger fan in âlde tsjerke fan dowestien. De Lytse Jouwer hat lang in tsjerklike kombinaasje foarme mei Boarnwert. Under oaren stie hjir dûmny Jan Althuysen. In skoft ferlyn al wer is der in kombinaasje mei Hantum kommen.

Ferskaat[bewurkje seksje | edit source]

  • It wapen hat in skeaf hjouwer, de ljippen komme fan it wapen fan dûmny Schregardus, dy't hjir yn de 19e ieu 40 jier dûmny wie.
  • 'Hichtepunten' is it doarpsblêd foar de 4H-doarpen.

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

De Ham, De Wylgen, Hantumerwei, Krûdikker, Lytse Leasterdyk.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]