Wierum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Wierum
Flagge fan Wierum Wapen fan Wierum
Flagge Wapen
Lokaasje fan Wierum
Gemeente Dongeradiel
Ynwennertal (2004) 390
Webstee Webstee Dongeradiel
Wierum fan de seedyk ôf sjoen
Waadsee by Wierum
Mûntsjestege
tsjerkhou
Wierum, Skoalle mei de Bibel
Sicht op Wierum

Wierum is in doarp yn de gemeente Dongeradiel, oan de kust fan de Waadsee. It doarp hat sa'n 390 ynwenners. De betsjutting fan de namme is net dúdlik. Hiem op de dyk soe ferklearring wêze kinne, mar dat it in mearfâld fan wieren is ek oannimlik.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

It doarp Wierum is ûntstien op in Kwelderwâl of kustwal. De earste bewenning datearret al fan 500 f.Kr., mar om 250 n.Kr hinne waard de kwelderwâl troch de minsken ferlitten om yn it begjin fan de midsieuwen wer bewenne te wurden. Yn dy tiid ûntstie it doarp. Yn de Midsieuwen moat Wierum in protte fan de see te lijen hân hawwe. Sa is it doarp deun tsjin de seedyk oan kommen te lizzen.

Fiskersdoarp[bewurkje seksje | edit source]

Wierum wie yn it ferline in fiskersdoarp. Yn 1749 wie 62% fan de beropsbefolking fisker [1]. Yn 1892 krige it doarp mei syn fiskerij in gefoelige klap. Op 1 desimber fan dat jier farden 15 aken út. Nei't der letter sein waard, seagen âlde fiskers de float mei soarch nei; it waar wie te moai foar desimber. Doe't de skippen op see wienen, stiek der in swiere stoarm op. Trettsjin fan de santsjin skippen kamen net werom en 22 fiskers ferdronken. Nei de ramp is de eigen fiskerij desimearre, mar it bleau noch wol in skoft wichtich. Tusken 1917 en 1933 wie der in fiskerijskoalle yn it doarp, mar nei de Twadde Wrâldkriich wie it hielendal dien mei de fiskerij.

Ta oantinken fan dizze ramp is yn it doarp in monumint, besteande út basaltblokken en âlde ankers oprjochte. In oantinken oan it fiskersferline is ek in fiskershûs út 1832. Dit wurdt no brûkt troch in partikulier foar de ferkeap fan snypsnaren.

Boppe-op de tsjerketoer út de 12e ieu draait de herinnering oan it fiskersferline rûn yn de foarm fan in twamêster wynfaan, in saneamde Wierummer Aak. Yn septimber 2004 is begûn mei de bou fan in autentike replika fan dizze aak op in werfke yn Peazens-Moddergat en yn maart 2008 is de Wierummer aak te wetter litten bij Esonstêd; men koe doe op ôfspraak een runfeart meitsje.

De befolking bestie eartiids foar it grutste part út fiskers dy't harren brea fertsjinnen op It Waad, en in inkele boer. De fiskersfroulje hiene ek in hurd bestean. Hja rûnen mei heechoplutsen rokken oer it waadslyk om wjirms te dollen, dy't troch harren manlju wer as ies brûkt waarden. De wjirms moasten net allinnich droege en op in bepaalde wize oan in fiskerline riuwd wurde, de fongen fisk moast ek skjinmakke en ferkocht wurde, bytiden wol oant yn Ljouwert. En dan moast der fansels ek noch in eigen foarrie oanlein wurde. Wylst de manlju faak "op see bleaune", stoaren in soad froulje yn it kreambêd. De befalling wie in ynspanning dy't troch it swiere wurk teheistere lichems net mear ferdrage koenen. In protte lytse bern stoaren faaks tagelyk mei de mem. Sûnt 2006 is der in stânbyld, de wjirmdolster, setten as neitins oan de fiskersfroulju.

De tsjerke en de toer[bewurkje seksje | edit source]

Eartiids stie de tsjerke boppe-op de terp, middenyn it doarp. Mar nei in tal grutte oerstreamings yn de Midsieuwen en ek dêrnei binne hiele stikken fan it doarp yn de see ferdwûn. Fan de âlde tsjerke, dy't oan Marije wijd wie, is nei't dy yn 1912 ôfbrutsen waard, neat mear oer. Oerbleaun is de dowestiennen toer út de 12e ieu. Yn de toer hinget in klok mei in diameter fan 84 cm, getter troch Gregorius Gregorii. Op de toer stiet net in hoanne mar in aak, dy't ôfkomstich wêze kin fan de earder Abdij fan Dokkum nei't dy yn 1831 ôfbrutsen wie[2]

Soks bart mear yn fiskersplakken, mar yn Wierum is der in leginde oan ferbûn. Neffens dy leginde rekke de misjonaris Wilfried, biskop fan York, op reis nei Rome, yn de 7e ieu yn in skipbreuk fersille by Wierum. Doe't de Wierumers in toer bouden, mochten se der, as oantinken, in gouden skip as wynwizer dêr op sette.

By de ramp yn 1893 kaam dit ferhaal ek wer nei boppe ta. Doe waard it útlein as in foarsizzing fan de ramp.

De grifformearde tsjerke[bewurkje seksje | edit source]

De Ofskieden Tsjerke Nes en Wierum krigen yn 1875, dus foar de Doleânsje, in beskieden tsjerke. De grifformearden yn Wierum binne tegeaere mei de grifformearde tjerke fan Nes ien wurden, dêrtroch rekke de tsjerke oerstallich. In partikulier hat de tsjerke kocht en dy wurdt no brûkt as eksposysjeromte mei in fêste kolleksje fan de ferstoarne Nesser skilder Jo Rispens. In inkele kear wurdt de tsjerke noch brûkt foar trou- of routsjinsten en lytse besletten feestjes.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

De Pipenâle

Wierum hat in feriening foar Doarpsbelang en hat har gearkomsten yn doarpshûs De Pipenâle. Der is ien basisskoalle.

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Ferneamde Wierumers[bewurkje seksje | edit source]

  • De Frysk/Amerikaanske berneboekeskriuwer Meindert de Jong (1901-1991) waard berne yn Wierum. De Jong skreau mear as 25 berneboeken, wêr't hy yn 1962 de Hans Christian Andersen Award foar krige. Yn 1918 wie er nei Amearika emigrearre. Hy wie in bekend skriuwer en hat mear as ien ûnderskieding krige. Syn boek 'Journey from Peppermint Street' hat oanknooppunten mei Wierum. Peppermint Street bestiet yn Wierum altyd noch as de Muntsjesteech, in lyts steechje dat fan it plein foar de tsjerke ôf nei de Haadstrjitte rint. Syn boek 'The wheel on the school' is oersetten as 'It tsjil op 'e skoalle'.
  • Hebbe Hebbes (1850-1931) wie boargemaster fan efterinoar Súdlaren, Delfsyl en Skoatterlân.

Ferskaat[bewurkje seksje | edit source]

  • It is wol útsteld dat J.L. van de Burg by de rigel Dêr't de dyk it lân omklammet as in memme-earm har bern yn 'It Heitelân’ oan Wierum tocht hat. Sa't it doarp leit liket it yndie troch de dyk omsletten te wêzen.
  • Wierum is ek it begjinpunt fan waadrintochten nei de Kalkman.

Monuminten[bewurkje seksje | edit source]

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

't Schoor, Aak, Dykstrjitte, Haadstrjitte, Iniastrjitte, Koterhústerwei, Liudgerstrjitte, Master Sinnemastrjitte, Muntsjesteech, Nesserwei, Pastoriestrjitte, Skuonmakkerspaad, Snikke, Ternaarderwei, Thomas Jellesstrjitte, Tsjerkeplein, Tsjerkestrjitte.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Herma M. van den Berg, Noordelijk Oostergo/De Dongeradelen, 1983. Side 215
  2. Herma M. van den Berg, Noordelijk Oostergo/De Dongeradelen, 1983. Side 224.