Boarnwert
|
|||||
| Gemeente | Dongeradiel | ||||
| Ynwennertal (2004) | 110 | ||||
| Webstee | [] | ||||
Boarnwert is in doarp yn Dongeradiel dat wat fansiden fan de wegen leit. It hat altyd wat in lyts doarp west. De sa'n 110 ynwenners binne yn grutter tal as it wol west hat. Boarnwert hie in frij grutte terp, dy't sels grutter wie as dy fan de buordoarpen Foudgum en Brantgum. De terp is hjir ek foar in part ôfgroeven. Oan de ringwei is noch te sjen hoe grut de terp west hat. Ek is fan de pleats oan de noardkant te sjen dat dy op it restant fan de terp leit.
Der wurdt tocht dat de doarpsnamme komt út 'terp oan it wetter'. Dit soe kinne want oan 'e noardkant hat de Boarnwerter Mar lein. Dizze mar, in reidpoel, is yn 1853 droechlein.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Gebouwen
[bewurkje seksje] De Tsjerke
Yn Boarnwert wurdt yn de twadde Fuldalist (945) Brunnenuurt neamd. Der wurdt wol tocht dat de tsjerke dy't der doe stie oan Bonifatius wijd wie, as in earbetoan oan de marteler. De tsjerke dy't der no stiet is wijd oan Marije. Soks barde wol faker. As der oare eigners kamen, krige de tsjerke ek in oare patroan.
Yn 1845 wie de toer der net mear en waard de klok yn in 'kapel' oan it westwurk hongen en earst yn 1884 komt it tuorke op it dak. De tsjerke hat in rûne 'absis' hân (±1200) efter de rjochte east-slútmuorre fan ±1816 sa't wy dy hjoed sjogge. Op de westgevel stiet in dakruter mei dêryn in klok út 1653, jitten troch Eppe van den Arck. It dak fan de tsjerke is foar in part belein mei ûontsen en nonnen (holle en bolle dakpannen). De noardlike yngongspartij is fersierd mei in ynswinke halsgevel út 1751, kommend út de eardere pastorije yn De Lytse Jouwer en hat in rysk opskrift.
By it boukundich ûndersyk fan 1979 binne oerbliuwsels fan fresko's fûn op de oergong fan skip nei absis. Yn de tsjerke binne noch âlde sarken te finen. De moaiste is dy fan Frans fan Aylva en Rixt fan Unia. Dy is makke troch Benedictus Gerbrands fan wa't der mear sarken bewarre bleaun binne. Fierders binne der noch sarken fan dûmny’s te finen. De tsjerke is oerdroegen oan de Stifting Alde Fryske Tsjerken.
[bewurkje seksje] Minnoltsmastate
Oan de eastkant fan it doarp lei Minnoltsmastate. Yn de 17e ieu wurdt it beskreaun as in fraaye plaats. In bekende bewenner hat Juw van Aylva west. Yn 1547 ferstoar dêr Luts Minnoltsma, de frou fan Sijdtje van Aylva. Sijdtje wie grytman fan West-Dongeradiel (1517) en olderman fan Dokkum (1543), te fergelykjen mei wat no in wethâlder is, beneamd troch Karel V.
[bewurkje seksje] Master Pelmolen
Boarnwert hie ek in skoalle. Neffens van der Aa, hie de skoalle 13 learlingen. In fetpot wie it dus net foar de master. Syn ynkommen wie 200 gûne yn 't jier.
Om sa 1850 hinne stie dêr J.H. Pelmolen as master. Hy hie in grutte húshâlding en it wie sa skrabjen om 'e kant.
Master besleat dêrom om nei Amearika te emigrearjen. As it no allinne om it jild gien is, is net wis. Master koe wolris ta de Ofskiedenen heard hawwe. Hy hat yn brieven oan syn sweager, J.K. Heeringa, ferslach dien oer syn reis dy't him nei Pella (Iowa) brocht.
Heeringa skynt dy brieven ek oan oaren lêze litten te hawwen. De Dokkumer útjouwer A. Schaafsma seach der brea yn. Yn 1859 kaam der sa by him in boekje út mei de ûnderfinings fan master Pelmulder.
[bewurkje seksje] Boarnwertershoeke
Op de hoeke fan de wei fan Dokkum nei Holwert en Ferwert is oan de ein fan de 19de ieu it buertskip Boarnwertershoeke ûnstien. Hjir stiet de Grifformearde tsjerke út 1916 fan de arsjitekt Ane Nauta. De tsjerke is no de tsjerke fan de Protestantske Gemeente fan Boarnwert en Raard. Ek stiet hjir de skoalle: "Bernewird".
[bewurkje seksje] Boarnwerterhuzen en Betterwurd
Oan de Alde Peazens leit it buertskip Boarnwerterhuzen. De namme Boarnwerterhuzen wiist derop dat it jonger is as Boarnwurd, mar inkele terpen tsjutte op ûntstean ear't men diken begûn oan te lizzen, dat it sil foar ±1100 west hawwe.
Fan âlds foel ek Betterwurd ûnder Boarnwert. Mei-inoar foarmen dizzen de njoggende stim yn West-Dongeradiel.
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Strjitten
- Aylvastrjitte -
- Betterwurd - buorskip Betterwurd
- Boarnwerterhuzen - buorskip Boarnwerterhuzen
- De Herne - herne betsjut 'hoeke'
- De Keegen -
- Foudgumerwei - doarp Foudgumerwei
- Tsjerkepaad - paad nei de tsjerke
- Parallelwei -
- Raarderwei - nei it doarp Raard.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|