Skernehuzen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Skernehuzen is in buorskip yn de gemeente Kollumerlân en Nij Krúslân yn de himrik fan Boerum. Hy leit oan de âlde Fryskestrjitwei besuden Boerum en bewesten Fiskflyt. Wat eastliker leit de pleats Vrouwenklooster tichtby it steed fan it kleaster Galilea. De buorskip bestiet út inkele ferspraat steande pleatsen, dêr't de pleats Scharnehuizen fan de meast eastlike is.

It Fryske skar komt fan skerne ("dong") of op rûchskerne ("dongbult").

Eartiids waard miend dat om 1249 in dyk (dêr't gjin skreaune boarnen fan binne) oanlein waard tusken Skarnehuizen en Fiskflyt, mar tsjintwurdich wurdt tocht dat dit letter bard wêze moat. De namme Skarnehuizen komt foar it earst foar yn in dokumint út 1479, doe't in sate dêr oerdroegen waard fan it mienskiplike lân fan de kleasters Jeruzalim (út Gerkeskleaster) en Galilea nei de lêste. Yn 1543 werd de namme stavere as Schernhuysen. Yn 1580 waarden it kleastergoed konfiskearre troch de Steaten fan Fryslân, dy't se yn 1644 ferkochten. Yn 2009 krige de buorskip nammebuordsjes.

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen