Tony Feitsma

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Anthonia (Tony) Feitsma (18 jannewaris 1928, Brantgum - 9 augustus 2009, Ljouwert) wie heechlearaar Frysk oan de VU yn Amsterdam.

Tony Feitsma waard berne op in boerepleats yn Brantgum, se die it gymnasium en studearre Frysk, Deensk en Frânsk oan de UfA. Nei in jier as fiif as learares Frânsk yn Harns wurksum west ta hawwen, waard se wer wittenskiplik meiwurker oan it Frysk Ynstitút te Grins en letter, nei in skoft as haadmeiwurkster, bûtengewoan heechlearaar oan de FU yn Amsterdam. Dat wie nei har cum laude promoasje oer it Midfrysk fan Gysbert Japicx. Se hie it gebied fan de Nij- en Middel-Fryske taal- en letterkunde op har noed.

Tony Feitsma hat har hiele libben aktyf ynset foar de Fryske taal. Se hat in protte wittenskiplike publikaasjes op har namme, yn it foarste plak taalkundich, mar se hat ek skreaun oer Frysk ûnderwiis, de sosjale skiednis fan it Frysk. Yn 2008 hat sy noch har eigen fûns yn it libben roppen om it Frysk yn it deistich libben te stypjen, dêr't se it gebrûk fan de taal dy't se altiten bestudearre hat, stypje woe. Doe't it Frysk Hânwurdboek yn 2009 publisearre waard, waard it twadde eksimplaar oerlange oan Feitsma.

Ek op kultureel en polityk mêd wie Tony Feitsma aktyf. Sa hat se yn it bestjoer fan de Koperative Utjouwerij sitten en se hat yn de begjinjierren foarsitter fan de Fryske Nasjonale Partij west.

Keppeling om utens [bewurkje seksje]

Webstee fan it Feitsma Fûns

Boarnen, noaten en referinsjes [bewurkje seksje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: