De Tibben
Ut Wikipedy
De Tibben is in buorskip yn de gemeente Dongeradiel. De Tibben leit noardeast fan Ie en hat in beskerme terp. Tibben komt foar op 'e list fan kleasterbesit fan Fulda (twadde helte 8e ieu) as Tippencheim. Hy wurdt ek neamd as Dibbingheim, Tybbing en Tybbynge. De bewenners fan de terp neamden har letter 'Tibbema.
Fan de Humaldawei en it begjin fan de Uniastrjitte yn Ie begjint de Tibsterwei. Dy giet nei ien fan de âldst bewenne terpen yn Noardeast-Fryslân. Krektas by guon oare doarpen wienen der by heechlizzende wensteden, dy't faak 'útbuorrens' neamd waarden. De Iester Ryd bylâns de wei is yn it ferline foar in part tichtsmiten.
Tibben is ek in skelnamme foar menisten.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|