Kollumersweach
|
|||||
| Gemeente | Kollumerlân | ||||
| Ynwennertal (2007) | 3050 | ||||
| Webstee | Webstee Kollumersweach | ||||
Kollumersweach (ek wol koartwei De Sweach neamd) is ien fan de 12 doarpen yn de gemeente Kollumerlân. It is mei goed 3050 ynwenners yn grutte it twadde doarp fan de gemeente.
Kollumersweach is in saneamd lintdoarp. De measte bebouwing leit oan de Foarwei tusken Feankleaster en De Westerein.
Ynhâld |
Skiednis[bewurkje seksje]
Yn 1443 wurdt it doarp Swaech foar it earst neamd yn in offisjele akte: ...Greetmans, Rechters ende meente in Oestbroecksterlande, also Kolmerland, Zwaech, Oldewolde ende Gaest...[1]. De namme betsjut greide. It destiidse doarp wie tige útstrekt en omfieme it tsjintwurdige Sweagerbosk, De Westerein en it westlik part fan it hjoeddeistige Kollumersweach Nei 1543 kaam de tsjintwurdige namme yn swang. Sweagerbosk is fan 1880 ôf in selsstannich doarp. Fan de eartiidske earmoede is net folle mear oer. De beskieden wenninkjes en boerespultsjes binne frijwol allegearre opromme. Tsjin de tsjerke oer is op nûmer 120, mei in soad ynspannings, ‘Willems Húske’ bewarre bleaun. It foldocht abslút net mear oan bou- en bewenningsfoarskriften, mar as belangrike tsjûgenis fan hoe't hjir troch kreas en himmel folk op in beskieden manier libbe waard, is it stean bleaun en restaurearre. Yn dit húske wennen generaasjes lang de klokkelieders fan de tsjerke.
Tsjerke[bewurkje seksje]
It sintrum fan it doarp is de âlde doarpstsjerke dy't yn in slinger oan de Foarwei op in ferheging stiet. Tsjerke en sealtektoer datearje út de 12e ieu. It koar is yn de 15e ieu fernijd. Der binne doe nije finsters oanbrocht. Tsjerke en sealdaktoer datearje ek út de 12e ieu; it koar is yn de 15e ieu fernijd en doe binne der ek nije finsters oanbrocht. De tsjerke is yn 1888 fan de ûndergong rêden omdat de ’útfiner‘ fan de monumintesoarch Jhr. Victor de Stuers fan it kueroard Marienbad út wei in rapport oer de werstelplannen fan it tsjerkje skreau: Deze kerk [...] verdient in zijn oorspronkelijke karakter hersteld en onderhouden te worden, iets wat zonder veel moeite noch kosten kan geschieden.
Ynwenners[bewurkje seksje]
Oantal ynwenners troch de jierren hinne op 1 jannewaris.
| 1850 ^ | 1998 | 1999 | 2000 | 2001 | 2002 | 2003 | 2004 | 2005 | 2006 | 2007 | 2008 | 2009 | 2010 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| 510 | 3.031 | 2.993 | 3.017 | 3.034 | 3.049 | 3.109 | 3.076 | 3.074 | 3.056 | 3.053 | 3.001 | 3.028 | 3.031 |
^ neffens Abraham Jacob van der Aa
Tsjerken[bewurkje seksje]
Kollumersweach telt fjouwer tsjerkegenoatskipppen, de Herfoarme gemeente, de Grifformearde gemeente, de Baptisten en de Vineyard gemeente.
De Grifformearde tsjerke is yn 2008 fan binnen folslein renovearre; dat wie te folgjen wie op in spesjale ynternetside.[2]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|