Moddergat
|
|||||
| Gemeente | Dongeradiel | ||||
| Ynwennertal (2004) | 230 | ||||
| Webstee | Webstee Dongeradiel | ||||
Moddergat hat sa'n 230 ynwenners. It wie lang in buert fan Nes, mar it is no in selsstannich doarp. De namme kin sompich lân betsjutte. Fan âlds wie Moddergat lyk as it twillingdoarp Peazens, in fiskersplak. It doarp bestiet út twa parten. De Kamp leit tsjin Peazens oan en foarmet dêrmei ien gehiel. Fierderop leit De Oere, wat igge betsjut.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] De Ramp
Yn 'e nacht fan 5 op 6 maart 1883 trof Moddergat in ramp, dêr't men eins noait wer oer hinne kommen is. Yn dy nacht wie de float op see. Der stiek in swiere stoarm op. Hast de hiele float is doe fergien. Der kamen 83 fiskers om. It Fiskersmonumint Moddergat op de seedyk jout dêr noch omtinken oan.
De Moddergatsters wienen fiskers en besochten dat ek te bliuwen. In protte fan har gienen yn tsjinst by reders. Guon fûnen wurk oant yn Flaardingen en Embden ta. Oaren besochten as grenatefisker wer in bestean op te bouwen.
[bewurkje seksje] It grenaatfabryk
De Wikipedy hat ek in side It Grenaatfabryk.
De tiid tusken de beide Wrâldoarloggen wie in goede tiid foar de grenatefiskerij. De fangst op It Waad en de Lauwerssee wie hiel goed.
Yn 1924 kaam der dan ek in koöperative grenatefabryk. Dêr waarden de fongen grenaten droege en ferkocht as feefoer. Puf, sa as men it neamde, waard brûkt om oan feefoer mear aaiwyt ta te foegjen. Puf wie eins de namme foar ûndermjitske fisk.
It gie sa goed mei it fabryk, dat yn 1930 noch útwreide waard. Yn de oarloch mocht der net mear fiske wurde en boppedat waard it mei de fangsten minder. Yn 1943 foel it beslút om it fabryk mar te sluten.
It gebou stiet der noch altyd. It waard yn 2003 oankocht troch Museum 't Fiskershûske en yn 2004 restaurearre. It tsjinnet no as besikerssintrum en der kin fergadere wurde. As wurkgegelegenheidsobjekt waard besletten om dêr in nije (Wierumer) aak te bouwen. It skip is 8 maart 2008 te wetter litten.
[bewurkje seksje] De Oere
Yn de Dongeradielen hat men besocht om de âlde doarpsgesichten yn stân te hâlden en doarpen wer bewenber te meitsjen. Oan De Oere leinen noch fertutearze fiskerswenten út de twadde helte fan de 18ste ieu. Se binne restaurearre en ien, Fiskerspaad 4, is hielendal wer yn âlde styl werombrocht. Dit is ek it museum It Fiskershúske wurden.
[bewurkje seksje] Mienskip
It doarp docht hast alles teagearre mei Peazens.
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Strjitten
- 't Reedtsje -
- De Kamp - buorskip De Kamp
- De Oere - buorskip De Oere
- De Wiel -
- Fiskerspaad -
- It Grenaatfabryk - It Grenaatfabryk
- Meinsmawei -
- Mokselbankwei -
- Seewei -
- Skoallereed -
[bewurkje seksje] Sjoch ek
-
Boethúske De Oere