Mitselwier

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Mitselwier
Flagge fan Mitselwier Wapen fan Mitselwier
Flagge Wapen
Lokaasje fan Mitselwier
Gemeente Dongeradiel
Ynwennertal (2007) 920
Webstee www.mitselwier.nl

Mitselwier is in doarp yn de gemeente Dongeradiel. It doarp hat lang it haadplak west fan sawol de gritenij as gemeente East-Dongeradiel. It doarp hat no sa'n 920 ynwenners. Dat betsjut dat it plak oars as oare doarpen yn Dongeradiel twadde helte de 20e ieu grutter wurden is. Fan Mitselwier wurdt tocht, dat it al inkele ieuwen foar de jiertelling bewenne wie. Ek yn Mitselwier is de terp lykwols net geef mear. Oan de wei nei Nijewier leit in hûsterpke út 12e/13e ieu.

Ta de himrik fan Mitselwier hearre ek de buorskippen Ropta en it westlik part fan de Reidswâl

Der is yn Mitselwier in protte dien om it doarp yn âlde steat te hâlden. De doarpsfernijing yn it begjin fan de jierren santich, krige ek fan bûten Fryslân omtinken. Dat hie benammen te krijen mei it opknappen fan de Tsjerkebuorren, in stik as wat steechjes om de tsjerke midden op de terp hinne.

De Herfoarme tsjerke[bewurkje seksje | edit source]

Balthasar Bekker.jpg

De tsjerke is yn 1776 boud. Hy kaam yn 't plak fan in eardere tsjerke út wierskynlik de 13e ieu. J. Stellingwerf syn tekening út 1722 lit in tsjerke sjen mei in mânske toer mei sealtek. By de restauraasje yn 1970 binne oerbliuwsels fan midsieuske flieren oan it ljocht kaam. De toer is yn 1925 alris restaurearre.

Yn de tsjerke is in tinkstien foar Balthasar Bekker, predikant en ien fan de earste filosofen fan de Ferljochting, dy't yn Mitselwier berne is as soan fan de dûmny.

Yn it koar is in tinkstien oanbrocht dy't oanjout fan hoe heech it wetter stien hat by de Alderheljenfloed fan 1570. Dêr binne doe 1.800 minsken by omkommen yn de Dongeradielen.

It oargel is yn 1819 boud troch J.R. Radersma en L. van Dam & Zn. It hat in skoft yn Spannum stien. Yn 1852 is it nei Mitselwier oerbrocht. Yn 1986 hawwe Mense Ruiter Orgelmakers it werombrocht sa as it foar Spannum boud wie.

Yn de tsjerke leze grêfstiennen foar Focke fan Ropta, Worp fan Ropta (1504) en Wick fan Abinga, Christoffel fan Sternsee (†1560) en Cunera fan Ropta (†1555)

Tsjerke fan de westkant sjoen
Mitselwier yn 1834.
De hoeke yn 1908

States[bewurkje seksje | edit source]

De wichtichste state fan Mitselwier wie Ropta of Ropperda, dat al yn de 13e ieu neamd wurdt. De Ropta's wie in machtich slachte. De Ropta's dy't it measte namme makke hawwe, wiene Worp fan Ropta († 1302) en Worp fan Ropta (* 1505 - † 1551).

Oan de súdkant fan de tsjerke lei de state Wibalda. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland wurdt de tún en it hûs fan Wibalda-state neamd. Direkt eastlik fan 'e tsjerke, mei in grêft rûnom, lei Jaarsmastate, yn de 18e ieu werneamd ta Uniastate. Fan dy states, dêr't neat fan oer is, wurdt oannaam dat it stinzen west hawwe; fan de neikommende states is dat net wis.

Noardeastlik fan it doarp lei Fridhuistrastate, dat lykwols ta de himrik fan Moarre hearde, op in lege hichte (pleatslik bekend as 'it âld heech') mei in, diels noch besteande, greft omjûn. Fan Fridhuistra rûn in reed dy't oansluet op De Singel. It terpke wurdt beskôge as argeologysk tige wichtich en hat de status fan beskerme terrein.[1]

De kop-hals-romppleats oan eastrâne fan de terp (oan de Master fan Loanstrjitte) is Oldhuistra(state) dat foar it earst yn 1511 neamd wurdt.

De gefolgen fan de Alderheljenfloed[bewurkje seksje | edit source]

De Alderheljenfloed fan 1570 hat grutte gefolgen foar East-Dongeradiel hân. Der giet in ferhaal dat der net sa fier fan Mitselwier in kabbeljau fongen waard. De gritenijsiktaris, Arend Boymer, soarge der foar dat de fisk oanbean waard oan steedhâlder Willem Loadewyk. Dy waard lykwols earst yn 1584 steedhâlder fan Fryslân, dat it ferhaal doocht net hielendal.

Yn 1592 waard der risselwaasjes makke. Der kaam in nije seedyk en der waard ek noch in stik lân ynpoldere yn it noarden fan Eastdongeradiel: de Eanjumer - en Ljussenserpolder. Deputearre Steaten joegen Ernst van Aylva it tafersjoch dêr oer.

It âlde gemeentehûs[bewurkje seksje | edit source]

Yn earder tiden hâlde de gritenij har gearkomsten yn in herberch; yn Mitselwier stie dy herberch op it plak fan it lettere gemeentehûs oan de Balthasar Beckersrtjitte. Yn 1837 waard de herberch oankocht troch de gritenij, it waard doe noch wol in skoft ferhierd as herberch.

Yn 1876 fûn it gemeentebestjoer it tiid dat der in nij gemeentehûs komme moast. It âlde rjochthûs waard ôfbrutsen. Op 20 febrewaris 1877 waard de earste gearkomste hâlden yn it nije gemeentehûs ûnder lieding fan boargemaster Sybrand Witteveen. In part fan it gemeentehûs hat doe noch in skoft yn gebrûk west as herberch, dit hat duorre oant 1909.

Mei de gemeentlike weryndieling fan 1984 waard it gemeentehûs oerstallich. It is doe earst noch in skoft brûkt troch it Wetterskip, mar wurdt no brûkt as wenhûs.

It stasjon[bewurkje seksje | edit source]

De ferbining mei Nijewier wie lange tiid in kuierpaad troch it fjild; pas yn 1876 waard der in ferhurde dyk oanlein. Meidat it Dokkumer Lokaeltsje op 1 oktober 1901 oant Mitselwier trochlutsen waard, krige dizze strjitte yn de beboude kom al gau de namme Stasjonswei. Lang is it spoar net brûkt: op 30 juny 1936 ried de lêste reizgerstrein tusken Dokkum en Mitselwier. It spoar is yn 'e Twadde Wrâldkriich opbrutsen. Oan de westkant fan it doarp leit al noch in stik fan de eardere spoardyk, mei it âlde stasjon dat no brûkt wurdt as wenhûs.

Kristlik ûnderwiis[bewurkje seksje | edit source]

Op 22 maart 1922 krige Mitselwier in Kristlike Legere Skoalle. Foar dy datum wienen de bern foar kristlik ûnderwiis oanwiisd op de skoallen yn Nijewier en Easternijtsjerk. Yn 1978 kaam der op it stee fan de âlde skoalle in nijenien. Yn 1985 waarden de beukerskoalle en de legere skoalle gearfoege ta in basisskoalle dy't de namme 'De Rank' krige.[2]

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

Under de feriening foar Doarpsbelang falle ek de Werynrjochtingkommisje, de Grienkommisje, it Iiskomitee, de Aldjierskommisje en de Braderykommisje. 'De Rank' is de basisskoalle en 'De Pikestjelp' it pjutteboartersplak. Buorljuhelp Mitselwier-Nijewier-Wetsens is in tsjinst foar buorljuhelp. Oan de Stasjonswei stiet fersoargingshûs 'De Skûle'.

Yn 1978, 1993 en 1997 (skoalreüny) en 2008 wie in doarpsreüny. By it lêste barren is ek in fotoboek útbrocht oer Ald en Nij Mitselwier.

Monumint Balthasar Bekker oan de B. Bekkerstrjitte.

Ferienings[bewurkje seksje | edit source]

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. F. B. Postma-Saan, Steekproefrapport 2009-04-03 ISSN 1871-269X Metslawier, kassencomplex Ropta, gemeente Dongeradeel. Buro 'De Steekproef' bv, Súdhorn
  2. Warner Banga, Harm Woelinga, 'Skoalle meitsje' - 75 jaar christelijk onderwijs in Metslawier 1922-1997.
  3. metslawjisters.nl